Hessel fan Martena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L 1x notiid feroare yn doetiid (sette)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
Hessel fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út [[Koarnjum]] dat de [[states en stinzen|state]] Ter Horne bewenne yn [[Bitgum]]. Hy troude my de rike [[Both fan Hottinga]], waans famylje in protte te sizzen hie yn [[Frjentsjer]].
 
Yn Hessel fan Martens tiid, de tiid fan de [[Fryske Frijheid]] hienen de rike famyljes, de saneamde [[haadling]]en it yn de Fryske lannen foar it sizzen en regelen bestjoer en rjochtspraak. By gebrek fan in sintrale machthawwer ûntstienen lykwols ek hieltyd wapene konflikten ûnderinoar omdat eltse haadling besocht om de eigen macht út te wreidzjen op kosten fan de buorman-haadling. Foar it sljochtsjen fan skelen bestiene ynearsten strange regels, mar op de ein fan de [[15e ieuiuw]] ferhurde de wize fan striden en naam it brûken fan geweld bûtenproporsjoneel ta. Ek Hessel hie hjir mei te krijen. Syn state te Bitgum waard platbaarnd en hy moast syn taflecht sykje yn Frjentsjer.
 
Mei in oantal [[Skieringers|Skieringske]] haadlingen hat Hessel socht nei wizen om de frede werom te krijen. Neffens harren bestie der mar ien oplossing, der moast in sintraal gesach komme yn Fryslân en wie [[Albrecht fan Saksen]] hjirfoar de geskikte kandidaat. Sy sochten kontakt mei him en yn [[1498]] waard Albrecht by it [[Ferdrach fan Snits]] offisjeel erkend as Hear fan [[Westergoa]], [[Eastergoa]] en de [[Sânwâlden]].
Rigel 20:
[[Ofbyld:Hessel van Martena.jpg|thumb|150px|<small>Johann Ludwig Hektor von Isolani / "Hessel fan Martena"</small>]]
==It portret==
It by dit artikel ôfbylde portret, dat al ieuweniuwen yn de Martenstins hinge hat, waard yn 1839 foar it earst beneamd as dat fan Hessel fan Martena. Yn 2009 die út ûndersyk fan Museum Martena bliken dat it Hessel lykwols net wêze koe. Yn maaie 2010 waard de portretearre persoan troch útjouwer en [[bibliofyl]] Manfred Nippen út Frjentsjer identifisearre as [[Johann Ludwig Hektor von Isolani]] (1586-1640), kommandant fan de [[Kroaasje|Kroatyske]] lichte kavalery yn de [[Tritichjierrige Oarloch]].<ref>Ljouwerter Krante, 27 maaie 2010. Side 17, ''Potret Hessel van Martena is Cyprioot''</ref><ref>Sjoch hjir foar syn biografy: [http://de.wikipedia.org/wiki/Johann_Ludwig_Hektor_von_Isolani]</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=