Willem IV fan Oranje-Nassau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
== As steedhâlder ==
[[Ofbyld:StadhouderWillemIV(3).jpg|thumb|''Steedhâlder Willem IV'']]
Yn 1740 bruts fannijs de [[Eastenrykske Suksesjeoarloch]] út, wêryn Eastenryk en Frankryk foar elkoar oer stiene. De Republyk keas yn 1747 de kant fan Eastenryk, om sa in buffersône tusken de republyk en Frankryk yn stân te hâlden, wêrnei't Frânske troepen de súdlike Nederlannen binnenfoelen. Yn in pear wike tiid feroveren de troepen fan [[Loadewyjk XV fan Frankryk|Loadewyk XV]] de wichtichste plakken yn SieuskSiuwsk-Flaanderen. Yn panyk waard de prins op [[2 maaie]] [[1747]] beneamd as Kaptein-Generaal en [[Steedhâlder]] fan alle gewesten fan de Republyk. Oer syn foegen koe Willem it nei in oantal kearen net iens wurde mei de Steaten-Generaal.<ref>[http://www.nationaalarchief.nl/webviews/page.webview?eadid=NL-HaNA_3.01.22&pageid=N10128 3.01.22 - Inventaris van het archief van Anthonie van der Heim, (1710) 1737-1746]</ref> Se leinen him in ynstruksje foar dy't lyk wie mei dy út de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]]. Willem woe allinnich de eed ôflizze op de ynstruksje fan syn foargonger [[Willem III fan Oranje-Nassau|Willem III]].
 
Op 11 maaie 1747 die de prins syn yntree yn Amsterdam. As begroeting wienen net allinnich de boargemaster, mar ek alle predikanten oanwêzich. Wa't gjin oranje droech rûn de kâns yn de grêft dondere te wurden. Sels de hyns en ek de oksen op wei nei de slachter wienen der mei fersierd.<ref>{{Aut|Evenhuis, R.B.}} (1974): ''Ook dat was Amsterdam'', diel IV, side 282.</ref> Yn novimber fan datselde jier folge ferheffing ta [[erfsteedhâlder]] fan de Republyk, wêrby't ek de opfolging yn froulike line regele waard, want Willem IV hie doe allinnich mar in dochter. Hjirmei kaam in ein oan it [[Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek]]. De organisator wie de porseleinferkeaper [[Daniël Raap]], in reedlik [[Doelisten|Doelist]], dy't de Oranjegesinde befolking mobilisearre.