Klimplant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
'''Klimplanten''' binne planten dy't stipe nedich hawwe om nei boppen te groeien omdat de [[stâle]]n net stevich genôch binne om de plant selsstannich te dragen. As der gjin stipe is sille klimplanten krûpe oant se dy stipe fûn hawwe.
 
Der binne ferskate metoaden om klimplanten omheech te lieden. Soks kin troch nei boppen te krûpen lykas by de [[marmaladestrûk]] en ''[[Solanum crispum]]''. Der binne ek klimplanten dy't troch heakfoarmige stikels omheech geane lykas by ''[[Bougainvillea]]'' en de klimmende foarmen fan [[roazen]]. [[KlimmerKlimmerblêd]], [[klimhortinsje]] en [[trompetklimmer]] klimme troch [[hechtwoartel]]s. ''[[Ampelopsis]]'', ''[[Vitis (plant)|Vitis]]'' mei as bekendste soarte de [[Drúf (frucht)|drúf]] en de measte soarten [[pasjeblom]]men hechtsje har mei help fan [[stengelrank]]en. [[Spûkeblom]], ''[[Lathyrus]]'' en ''[[Mutisia]]'' klimme mei [[blêdrank]]en. De klimmende soarten út it skaai ''[[Klematis]]'', ''[[Rhodochiton]]'' en ''[[Tropaeolum]]'' klimme troch winende blêdstâlen. [[Wylde wyngerd]] (wynrank) en ''[[Tetrastigma]]'' klimme mei hechtfuotsjes.
 
Planten dy't klimme troch har om de stipe, bygelyks balken of beammen, hinne te winen wurde [[slingerplant]]en neamd.