Evangeelje fan Lukas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 29:
 
==Untstean en skriuwer==
Neffens de kristlike tradysje soe it ''Evangeelje fan Lukas'' skreaun wêze yn 'e jierren [[60]]-[[65]], op oanwizing fan 'e apostel [[Paulus]]. De measte hjoeddeiske bibelwittenskippers geane lykwols út fan in letter ûntstean, tusken [[80]] en [[90]] n.Kr. De tekst sels jout net oan wa't ''Lukas'', it langste fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes, skreaun hat, mar neffens de tradysje, dy't û.m. weromgiet op tsjerkfaars as de twadde-ieuskeiuwske [[teolooch]] [[Irenaeus]] en [[Klemens fan Aleksandrje|Klemins fan Aleksandrje]], moat it de [[apostel]] [[Lukas]] west hawwe, dy't û.m. yn ''[[Brief oan de Kolossers|Kolossers]]'' 4:14 neamd wurdt. Dy Lukas, dy't neffens guons [[dokter]] wie, beselskippe Paulus op ferskate fan syn reizen. De hjoeddeiske bibelwittenskippers dy't it auteurskip fan it ''Evangeelje fan Lukas'' troch de apostel Lukas bekreauwe, binne mar tige minmachtich.
 
Yn elts gefal is wol dúdlik dat de skriuwer in heechoplaat, bereizge en belêzen persoan wie, en sûnder mis deselde dy't ek de ''[[Hannelingen fan de Apostels]]'' skreaun hat, mei't beide boeken in foarwurd hawwe dat rjochte is oan in Teófilus, en om't er yn it foarwurd fan ''Hannelingen'' eksplisyt oanhellet dat er ''"yn myn earste boek ''[...]'' beskreaun ''[hat]'' wat Jezus fan it begjin ôf allegearre dien en de minsken leard hat"'' (''Hannelingen'' 1:1). Ut 'e tekst fan ''Lukas'' kin fierders ôflaat wurde dat de skriuwer nei gedachten in net-joadske kristen wie, dy't foar oare net-joadske kristenen skreau. Dat Lukas dokter west hawwe soe, docht bliken út hoefolle omtinken oft er jout oan alle ferhalen oer siken en harren wûnderbaarlike genêzings.
Rigel 35:
==Gearstalling==
De skriuwer fan it ''Evangeelje fan Lukas'', wa't dat dan ek mar west hawwe mei, makke by syn gearstalling nei alle gedachten gebrûk fan in stikmannich ûnderskate boarnen. Men is fan tinken dat de grutte oerienkomsten mei de evangeeljes fan ''[[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]]'' en ''[[Evangeelje fan Markus|Markus]]'' wize op it gebrûk fan deselde boarnen; dat is dan ek de reden dat dizze trije evangeeljes bekend kommen binne te stean as de [[synoptyske evangeeljes]] (yn tsjinstelling ta it ''[[Evangeelje fan Jehannes]]'', dat gâns ôfwykt).
[[File:Byzantinischer Maler des 10. Jahrhunderts 001.jpg|thumb|left|200px|De [[apostel]] [[Lukas]], skildere troch in anonime [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] skilder út 'e tsiende ieuiuw.]]
 
Fan 'e 1151 fersen hat ''Lukas'' der 389 mienskiplik mei sawol ''Mattéus'' en as ''Markus''; 176 allinnich mei ''Mattéus''; en 41 allinnich mei ''Markus''. Gauris komt dêrby sels de wurdkar oerien. Net mear as 544 fersen binne unyk en komme inkeld yn ''Lukas'' foar. De tsjintwurdich frij algemien akseptearre trijeboarneteory wol hawwe dat ''Lukas'' op trije boarnen basearre is. Yn it foarste plak waard nei alle gedachten, krekt as by de gearstalling fan ''Mattéus'' út it âldere ''Evangeelje fan Markus'' putten, wêrmei't de saneamde Trijefâldige Tradysje ferklearre wurdt, it materiaal dat yn alletrije synoptyske evangeeljes foarkomt. Oard geane sawol ''Lukas'' as ''Mattéus'' werom op in ûnbekende, ferlern giene boarne dy't nei it [[Dútsk]]e wurd ''Quelle'' ("boarne") ''[[boarne Q|Q]]'' neamd wurdt; dat is dan de ferklearring foar de saneamde Twafâldige Tradysje, it materiaal dat ''Lukas'' en ''Mattéus'' gemien hawwe. En trêd moat der dan noch in oare, ferlern giene boarne west hawwe, dy't yn 'e [[teology]] ''L'' neamd wurdt en dêr't it materiaal op berêst dat unyk is foar ''Lukas''.