Jeraziatyske Avaren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pontic_steppe_region_around_650_AD.png|thumb]]
De '''Jeraziatysk Avaren''' (net te betiizjen mei de hjoeddeiske, [[Kaukasus|Kaukazyske]] [[Avaren (folk)|Avaren]]) wienen in fan oarsprong mingd, benammen [[Turkske folken|Turksk]]-[[Mongoalje|Mongoalsk]] [[nomaden|nomadefolk]] dat yn it kylwetter fan de [[Hunnen]] en [[Turken]] mei migrearre nei Jeropa en in ryk stifte yn it [[Wolga]]-gebiet yn de [[6e ieuiuw]].
 
== It Avaarske Ryk ==
It ryk fan de Avaren lei ynearsten tusken de Wolga en de [[Eastsee]]. Fan dêrút ferdreaunen hja de [[Gepiden]] en de [[Longobarden]] út de Donaufallei en wreiden har ryk fierder út nei it westen. Hja ferbûnen har mei it [[Byzantynske Ryk]] en fochten tsjin de [[Slavyske folken|Slaven]] en [[Bulgaren]]. Ynfallen yn [[Itaalje]] yn [[610]] mislearren en ek de oanfallen op [[Konstantinopel]], de haadstêd fan de Byzantinen, yn [[619]] en [[626]] wienen fergees.
 
Letter litten sy ûnder de Slavyske en Bulgaarske ekspânsje en brocht [[Karel de Grutte]] op de ein fan de [[8e ieuiuw]] harren swiere nederlagen ta yn syn fjildtochten fan [[791]], [[795]], [[796]] en [[797]]. Hy makke fan de Pannonyske [[Donau]] de eastgrins fan syn [[Frankyske Ryk]]. Lang om let waard it Avaarske ryk ferneatige troch de Bulgaarske khan [[Krum fan Bulgarije|Krum]] yn de [[9e ieuiuw]].
 
[[Kategory:Etnyske groep út de Aldheid]]