Proto-Germaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + oanf
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 6:
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]<br> &nbsp;&nbsp;● [[Germaanske talen|Germaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● '''Proto-Germaansk'''
| dialekten =
| tiidrek = 2de milennium f.Kr.-[[1e ieuiuw]] (n.Kr.)
| ûntstien út = [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]
| ûntjûn ta = ● [[Eastgermaansk]]<br> ● [[Oernoardsk]]<br> ● [[Westgermaansk]]
Rigel 22:
 
==It Miengermaanske tiidrek==
Men wit net krekt wannear't de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar men nimt oan dat it yn 'e lêste ieuweniuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere – útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op grûn fan ûndersyk fan 'e ûnderskate Germaanske talen.
 
It wichtichste ferskil tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk wie de klam (yn 'e taalkunde ornaris it [[wurdaksint]] neamd). It Oergermaansk hie noch de fan it Proto-Yndo-Jeropeesk meikrigen "frije klam", dy't wiksele neffens beskate regels, mar net in fêst plak yn in wurd hie; ferlykje bgl. it [[Gryksk]]e ''trȁpeza'' ("trep") en ''trapȅzion'' ("trepke"), dat de frije klam beholden hat. Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid, it saneamde inisjaalaksint, sa't bgl. te sjen is oan it [[Nederlânsk]]e ''blȁd'', ''blȁden'', ''blȁderen'', ''blȁȁdje''.
 
Yn tsjinstelling ta de Oergermaanske perioade duorre it tiidrek fan it Miengermaansk relatyf koart, nammentlik oant likernôch de [[earste ieuiuw]] nei Kristus, doe't de [[Eastgermanen]] weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik [[Skandinaavje]].
 
==Oerlevering==
De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e [[Helm fan Negau]], mooglik út 'e [[twadde ieuiuw f. Kr.]] De helm waard yn [[1812]] fûn by [[Negau]], yn [[Eastenryk]]. Yn in noardlik [[Etrusken|Etruskysk]] skrift is dêrop skreaun: ''hargasti teiwa'' (oer de betsjutting dêrfan bestiet nochal wat ûnienichheid). Fierders binne oant de [[earste ieuiuw]] nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[skriuwer]]s, lykas [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] en [[Julius Caesar]].
[[File:Guldhornene.jpg|right|250px|thumb|De [[Goudene Hoarnen fan Gallehus]].]]
 
==Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften==
Tradysjoneel waard foarhinne ûnder [[taalkundige]]n de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]] en it saneamde [[Goato-Noardsk]] (it [[Noardgermaanske talen|Noard]]- en [[Eastgermaanske talen|Eastgermaansk]]) wie. It fuorttsjen fan 'e [[Goaten]] en de oare [[Eastgermanen|Eastgermaanske]] [[folk]]en út harren stamlannen yn súdlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskôge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e [[fyfde ieuiuw]].
 
Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e [[Goudene Hoarnen fan Gallehus|Gouden Hoarn B fan Gallehus]], yn súdlik [[Jutlân]], dy't datearret út 'e iere [[fyfde ieuiuw]]. Op 'e hoarn stiet: "''ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido''" (de letter ʀ stiet dêrby foar de [[breikjende r]]). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(vol)tooid'') of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(ge)tooid''). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "''ik hliugasts hulteis haúrn tawida''".
 
{{boarnen|boarnefernijing=