Yndia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 47:
Yndia is it mearpart fan in natuerlike ienheid, omsletten troch de Yndyske Oseaan en de Himalaja. Dêrtroch is it mûchlik te stribjen nei in ryk dat gâns it gebiet omfiemet. It is lykwols in enoarm gebiet, en troch de ôfstannen wie it hast net te dwaan sa'n ryk yn stân te hâlden. Yn de histoarje fan Yndia binne dan ek ferskate riken opkaam dy't in grut part fan it gebiet yn hannen hienen, mar dan wer útelkoar foelen.
 
It earste ryk dat al slagge gâns it gebiet tusken it berchtme en de see yn te nimmen, kaam fan bûten: [[Grut-Brittanje]] wie mei de foarútgong fan de tegnyk as earste by steat de grutte ôfstannen baas te wurden en naam yn de rin fan de 19e ieuiuw gâns it gebiet yn dêr't no Yndia yn leit.
 
Mei it ûntstien fan dizze steatkundige ienheid kaam ek al gau in beweging op dy't stribbe nei in ûnôfhinklike steat. It hjoeddeiske Yndia waard op [[15 augustus]] [[1947]] ûnôfhinklik fan [[Grut-Brittanje]].
Rigel 56:
Yndia is nei Sjina it lân mei de grutste befolking fan de wrâld. Yn dit lân foarmje taal, religy en it [[kastensysteem]] in tige wichtige grûn foar it bepale fan ien syn posysje yn de maatskippij. Yn it suden ([[Súd-Yndia]]) wenje fral donkerkleurige [[Dravidjers]] en yn it noarden stamme de minsken ôf fan de ljochter kleurde Yndo-[[Aarjers]] dy't letter, om-ende-by 3500 jier lyn yn Yndia arrivearren. <br />
 
Oan it begjin fan de 20e ieuiuw telde Yndia 250 miljoen ynwenners, dat oant is yn distiid ferfjouwerfâldige. Neffens de lêste offisjele [[folkstelling]] yn 2001 telde it lân 1.028.610.328 minsken.
=== Religy ===