Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 25:
De '''Feriene Steaten fan Amearika''' (FS, ''USA'') is in [[Noard-Amearika|Noardamerikaansk]] lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is [[Washington, D.C.]], de grutste stêd is [[New York (stêd)|New York City]]. De Feriene Steaten is nei [[Kanada]] en [[Ruslân]] de tredgrutste steat fan de [[wrâld]] wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei [[Sina]] en [[Yndia]] ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It [[Ingelsk]] is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.
 
De [[skiednis fan de Feriene Steaten]] as lân begjint mei de tretjin kolony's dy't har yn [[1776]] ûnôfhinklik ferklearren fan [[Grut-Brittanje]]. Troch útwreiding fan it steatsgebiet nei it westen ta en in trochgeande ymmigraasje út [[Jeropa]] wei waard de Feriene Steaten yn de 19e ieuiuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wie de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten is permanint lid fan de [[Feriene Naasjes#Feiligensried|FN feiligensried]] en is oprjochtingslid fan de [[NAFO]]. Nei de ein fan de [[Kâlde Kriich]] is de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt [[2008]] [[Barack Obama]].
 
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan de Feriene Steaten}}
[[Ofbyld:MayflowerHarbor.jpg|thumb|200px|left|In pylgerskip út Jeropa mei nije kolonisten yn it jier [[1620]].]]
It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinintale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline wengebiet fan in grut tal lânseigen Amerikaanske folken en waard fan de 16e ieuiuw ôf kolonisearre troch [[Spanje]], [[Frankryk]], [[Nederlân]] en [[Ingelân]]. As resultaat fan de Frânske en [[Yndianen|Yndiaanske]] kriich fan [[1754]] oant [[1763]], naam [[Grut-Brittanje]] de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan [[Kanada]] en parten fan it hjoeddeistige [[Illinois]] en [[Ohio]]. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersette tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Trettjin koloanjes ferklearren yn [[1776]] harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de [[Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich]]. Yn [[1783]] erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en waard in regear foarme dat yn 1789 aktyf waard. Yn de rin fan de folgjende ieuiuw ûntstienen hieltyd gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan [[1861]] oant [[1865]] ta in [[Amerikaanske Boargeroarloch|boargerkriich]]. De ein fan de 19e ieuiuw koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialisaasje en tafloed fan miljoenen ymmigranten. Yn de 20e ieuiuw hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de [[Earste Wrâldkriich|Earste]] en [[Twadde Wrâldkriich|Twadde]] Wrâldkriich.
 
[[Ofbyld:Into the Jaws of Death 23-0455M edit.jpg|thumb|200px|left|Amerikaanske troepen yn [[Jeropa]], [[D-Day]] [[1944]].]]
Rigel 70:
By de ûnôfhiklikensferklearring yn [[1776]] wienen der mar 13 steaten.
 
Alaska is de grutste steat (1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4.003 km²). Kalifornje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e ieuiuw woeksen de ynwennertallen fan Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas it hurdst. West Firginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen yn dyselde rite te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners.
 
=== Klimaat ===
Rigel 91:
 
=== Partijen en ferkiezings ===
Sawol op federaal as op dielsteatnivo binne de [[Demokratyske Partij|Demokraten]] en de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinen]] sûnt de 19e ieuiuw dominant. De Demokraten wurde sjoen as sintrum-links of liberaal en de Republikeinen binne sintrum-rjochts of konservatyf. De Demokraten hawwe tradisjoneel de kleur read en de Republikeinen hawwe blau. De steaten yn it noardwesten, oan de westkust en sommige steaten om de Great Lakes hinne binne bekend as "blauwe steaten". De "reade steaten" lizze foaral yn it suden, yn de Great Plains en yn de Rocky Mountains. Tusken de beide grutte partijen binne der grutte ideologyske ferskillen oer saken lykas abortus, houliken tusken homoseksuele spantsjes, de deastraf, en de autonomy fan de dielsteaten.
 
Lytsere partijen hawwe amper betsjutting yn de Amerikaanske polityk. Sûnt 1856 foarmje de Demokraten en de Republikein de grutste politike machtsblokken. Allinnich by de ferkiezings fan 1912 slagge it [[Theodore Roosevelt]] mei syn progressiven om as "tredde partij" mear as 20 persint fan de stimmen te krijen. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieuiuw hie Ralph Nader lytsere suksessen mei de grienen.
 
=== Ynlânske polityk ===
Rigel 169:
=== Befolkingsgroepen ===
[[Ofbyld:Census-2000-Data-Top-US-Ancestries-by-County-1396x955.png|thumb|240px|Grutste etnyske groepen yn de Feriene Steaten per county.]]
It kontinint wie foar de komst fan de Europeanen troch Yndianen bewenne. De earste Europeeske kolonisten wienen de Spanjerts, de Frânsken en de Britten. Yn de 17e ieuiuw kamen der ek ymmigranten út it westen fan Afrika, meastal net frijwillich nei Noard-Amearika ta brocht as slaven. Healwei de 18e ieuiuw kamen der mear Europeanen fan Dútske en Ierske komôf. Letter kamen de ymmigranten oeral út Europa wei, foaral Skandinaviërs, Italianen, East-Europeanen en Joaden út East-Europa wei. Yn de twadde helte fan de 19e ieuiuw begûn de ymmigraasje út it easten fan Azië en it Heine Easten. Tusken 1880 en 1914 ferlieten mear as 20.000 Friezen út de provinsje Fryslân harren heitelân.<ref>[[Kanon fan de Fryske skiednis]]: [http://www.11en30.nu/global/fri/artikel/51?linkId=24&fries=1 Nei it ‘lân fan dream en winsken’]</ref>
 
Sa likernôch 70% fan de ynwenners is fan Europeeske komôf, mar dat persintaazje wurdt troch de komst fan nije emigranten minder. Dêrneist leit it bertesifer by de ynwenners fan Europeeske komôf leger as by oare etnisiteiten. It grutste part fan de oarspronklike Europeanen kaam oarspronklik út lannen as Dútslân, Feriene Keninkryk, Ierlân, Italië en Poalen.
Rigel 258:
Net alle kulturele eleminten út de Feriene Steaten hawwe sukses yn oare lannen. Amerikaanske sporten lykas [[American football]], [[honkbal]] en [[basketbal]] binne yn [[Europa]] fan lyts belang. Amerikaanske tv-dûmny’s binne somtiden wol op Europeeske tv-stasjons te sjen, mar de ynfloed is navenant lyts en de argewaasje fan Europeeske kristenen is bytiden grut.
 
In faaks noch wichtiger aspekt fan de Amerikaanske kultuer is de stimulearjende omjouwing foar wittenskiplik ûndersyk en technologyske ynnovaasje. Yn de ôfrûne ieuiuw en dan benammen nei de Twadde Wrâldkriich hawwe de Feriene Steaten in grutte bydrage levere op it wittenskiplik en technologysk mêd. Benammen de IT-sektor ûntwikkele him fan de jierren santich yn it foarste plak hast allinnich mar yn de Feriene Steaten. Noch hieltyd binne de grutste softwarebedriuwen lykas [[Microsoft]], Google Inc., IBM en Oracle Corporation, fan Amerikaanske oarsprong. De Amerikaanske driuw ta ynnovaasje oppenearret him ek yn in grut ferskaat oan [[Nobelpriis]]winners yn de [[Natuerkunde|natuer]]- en [[skiekunde]], en it binnenheljen fan wittenskiplik talint út oare dielen fan de wrâld.
 
=== Yndigene kultuer ===