Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
modern and correct reconstruction of an roman watchtower in Germany (the other is wrong!)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 20:
Yn [[68]] nei Kristus gong it gebiet definityf ferlern foar de Romeinen. By it begjin fan it [[Fjouwerkeizersjier]] waard [[Julius Sivilis]] by de Friezen yn feilichheid brocht. De Friezen stypjen de dêrop folgjende opstân fan de Bataven. Sy ferneatige twa forten oan de see en krigen in part fan de Romeinske Ryn-Flottylje yn hannen. Dernei leveren hja helptroepen dy't per slot yn de buert fan [[Keulen]] troch [[Keulen|Keulenaars]] fermoard waarden.
 
Fan dy tiid ôf geane de Romeinen en de Friezen ûntspannender mei elkoar om. By in lettere oanfal fan de [[Sjauken]], yn de [[2e ieuiuw]], kamen de Friezen net mear yn opstân. Yn [[Brittanje]] binne grêfskriften fûn út it begjin fan de tredde ieuiuw dy't ferwize nei de Kuneus Frisiorum Finoviensium, Kuneus Frisiavonum Ferkovisensium en de Kuneus Frisionum Aballavensium, ôfdielings fan de helptroepen dy't Friezen stjoerd hawwe, al is it net dúdlik of dit Frisii of Frisiavones wienen.
 
== Ynfal troch de Sjauken ==
Rigel 26:
 
== It weromlûken ==
Fan likernôch it jier 250 begûn it tal fan oanfallen troch Germanen de Ryn oer ta te nimmen. Oan de ein fan de tredde ieuiuw waard it sa slim dat feitlik in grut kustgebied en in grut grinsgebiet frijjûn waarden as oarlochsgebiet: ynfallers waarden talitten mar waarden dan opfongen troch ienheden fan hynstemannen. It lân oan de kust waard ek fan minder belang troch de [[seestiging]]. Yn de fjirde ieuiuw waard nochris besocht de grins mei nije forten te fersterkjen, mar ek dy koenen net stân hâlde. Mei ek noch ynterne problemen lûtsen de Romeinen fuort fan de grins mei de Friezen.
 
==Argeologyske fynsten==
Wat de fynsten oanbelanget dy't wize op Romeinske bewenning is de provinsje Fryslân suterich tabedele, útsein Romeinske munten en keapwaar dy't oeral wol fûn wurde. Allinnich by [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]] binne nochal wat spoaren fûn út de [[1e ieuiuw]] dy't wize op de oanwêzigens fan Romeinen en rjocht dogge oan ferûnderstellings dat de Romeinen hjir in wachtpost hân hawwe dêr't sy kowehûdenbelêsting ynbarden. Wol binne der twa skriftlike boarnen fûn dy't eat sizze oer de Romeinske tiid. De earste is it [[Skriuwplankje fan Tolsum]] en twads is der de [[Hludana-stien]], dy't by ôfgravings fan in terp yn [[Bitgum]] yn [[1888]] fûn is. De ûnthjitstien is wijd oan de goadinne [[Hludane]], der wurdt in ferbân lein tusken de goadinne en de fiskerij. Troch de [[Latyn]]ske ynskripsje is te sjen dat de stien stammet út it begjin fan ús jiertelling. Skriftlike boarnen oer it eigen gebiet út de Romeinske tiid binne tige seldsum.
 
{{boarnen|boarnefernijing=