Skerpenseel (Fryslân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2484330
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 16:
 
== Skiednis ==
Al om 1100 hinne wennen minsken yn de krite dy't no de Grutte Feanpolder neamd wurdt, mar pas yn de midsieuwenmidsiuwen kaam de bewenning echt op gong. Der waarden wenten, sis mar hutsjes boud, meastentiids yn tropkes by elkoar. Sa ûntstienen de doarpen yn de Grutte Feanpolder: [[Munnikebuorren]], Skerpenseel, [[Spangea]] en letter [[De Langelille]] en [[Nijetrine]]. Tusken dy doarpen wienen ek ferbiningswegen. Dat wie earst in soarte karrespoar (it Fuotpaad). It wie in saneamde 'Binnenwei'. Doe't it ferlet oan mear en bettere ferfiersmooglikheden groeide, waarden uk 'Bûtenwegen' oanlein. Dy wienen breder en weinen mei hynders der foar koenen der gebrûk fan meitsje. Sa ûntstie bygelyks de Grindwei.
Skerpenseel is it sintrale doarp fan de Grutte Feanpolder, der binne noch ferskate winkels: in supermerk, bakker en warenhûs. Der is ek in brânwarkazerne yn it doarp dy't de [[Grutte Feanpolder]] as wurkgebiet hat en dêrneist geregeld de brânwar fan Wolvegea helpe moat by brannen yn Wolvegea.