Terherne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2246118
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 24:
 
== Skiednis ==
De namme Terherne betsjut ‘op e hoeke’. Terherne is ûntstien as in einpunt fan de lânferkaveling yn de [[12e ieuiuw]]. It doarp sels wurdt al neamd yn 1200 en ek op de kaart fan [[Jacob fan Deventer]] út 1545 wurdt Terherne neamd (Herne). Skipfeart, fiskerij en boatebou wienen de belangrykste boarnen fan ynkommen. Op it hichtepunt fan de Fryske hannnelsfeart op de [[Eastsee]] wie Terherne de thúshaven fan sa'n 40 oant 50 kof- en smakskippen. Letter foarme ek lânbou en benammen feehâlderij in boarne fan ynkomsten. Troch ferfeantingen en ôfslach rekke it doarp ôfsluten fan de fêste wâl en waard it in eilân.
 
Oant 1857 bleau Terherne in eilân. Doe waard in grintwei oanlein dy't oansluet op de wei nei [[Meskenwier]], [[Akkrum]] en [[Aldskou]] en waard de oerset oer de Geau (no Alde Sânsleat) ferfongen troch in brechje. Pas yn [[1908]] is der oer de [[Hearresyl]] in wei oanlein nei [[Terkaple]], dy’t wer fierder giet nei de [[De Jouwer]].
Rigel 69:
*''Harspit'' - dikke izeren pinne dy't yn de grûn slein wurdt mei breed boppestik om de [[seine (ark)|seine]] op te harjen.
*''Jelle-paad'' - Nei Jelle van der Molen (''Jelle Kont'') dy't faak oer dit paad oan de noardkant fan Terherne rûn nei syn stik lân
*''Jongebuorren'' - nei de streeknamme Jongebuorren, yn de ferkavelingen fan de 12e/13e ieuiuw earder in part fan Doniawerstal, op 1 jannewaris 1959 (nijjiersnacht) oerdroegen oan de gemeente Utingeradiel
*''Koailân'' - it lân, dat by de Koaipleats hearde, der't earder in [[einekoai]] by wie; de dobbe foar dy pleats is noch de rest fan dy einekoai
*''Kupersleantsje'' - it stik lân wie eigendom fan de fermanje.