Suëven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
De '''Suëven''' of '''Suëben''' ([[Latynsk]]: ''Suebi'') wie in [[Germanen|West-Germaansk]] folk dat sawat oan it begjin fan de jiertelling by de [[Eastsee]] (''Mare Suebicum'' yn it Latyn) wenne hat. Neffens guon is de namme foar [[Sweden]] fan dy namme ôflaat en is it oannimlik dat it stamferbân út ferskeidene stammen bestie, dêrûnder de [[Kwaden]], de [[Markomannen]], de [[Allemannen]], de [[Hermunduren]], de [[Langobarden]] en de [[Semnoanen]]. Yn de [[5e ieuiuw]] en [[6e ieuiuw]] hienen sy in keninkryk yn [[Spanje]].
 
[[Ofbyld:Reino de Galicia Suevos.png|thumb|It kearnryk fan de Suëven: Galysje and Lusitaanje.]]
Rigel 7:
De Suëven emigrearren nei it tsjintwurdige [[Dútslân]] en bleaunen dêr earst yn it noarden by de [[Elbe]]. Al gau lutsen sy nei it suden ta. Neffens de Romeinske skiedkundige [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] dienen de Semnoanen en Langobarden mei oan de striid fan [[Ariovistus]] tsjin [[Julius Caesar]] yn ([[58 f. Kr.]]).
 
Yn de [[4e ieuiuw]] waarden de Suëven troch de [[Hunnen]] ferdreaun en foelen sy yn [[406]], nei it beheljen fan de oerwinning yn de [[Slach by Mainz]], it [[Romeinske Ryk]] binnen. Tegearre mei de [[Fandalen]] lutsen sy troch [[Galje]] hinne, rjochting [[Spanje]] en kamen dêr oan yn [[409]]. Under lieding fan kening [[Hermerik]] († [[438]]) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje [[Gallaecia]], tsjintwurdich de Spaanske regio [[Galysje]]. Dêr gongen de Suëven foar in grut part oer op it [[kristendom|Arianisme]], in kristlik leauwen.
 
Under kening [[Rechila]] ([[438]]-[[448]]) koenen de Suëven harren ryk útwreidzje mei [[Baetica]] en [[Sevilla (stêd)|Sevilla]]. Sy fersloegen dêrby de lêste Romeinske legers en doe't de Fandalen nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] ta lutsen, wienen sy in skoft oermachtich. Dat hichtepunt duorre mar koart, want de opfolger fan Rechila, syn soan [[Rechiar]], waard yn [[456]] ferslein troch de [[Fisigoaten]] ûnder lieding fan [[Diderik II]] yn de [[Slach oan de Urbikus]]. Dêrnei waarden de Suëven in skoft bestjoerd troch harren oerwinners.