Warnen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 13 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q161561
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 3:
Tidens de [[Grutte Folkeferfarren]] loek it grutste part fan de Warnen al gauris sudlik nei de gebieten oan de útrin fan de [[Oder]] en dêrnei stadichoan fierder nei it tsjintwurdige [[Sileezje|Neder-Sileezje]]. Der wienen ek Warnen dy't harren fêstigen yn it hjoeddeiske [[Mecklenburch]].
 
Lykswols binne der ek bewiizen dat in oar part fan de Warnen noch fierder nei it westen ta loek. Yn in brief fan [[Durk de Grutte]] út [[507]] kinne wy lêze dat de Warnen om dizze tiid hinne oan de mûning fan de [[Ryn]] wennen. Likernôch [[540]] skreau de Byzantynske skriuwer [[Prokopius]] dat [[Angelen]] út [[Brittanje]] en Warnen slach levere hawwe yn de delta fan de Ryn. Oare boarnen hawwe it oer in Warnysk Ryk op de noardouwer fan de [[Ryn]] oan de ein fan de [[5e ieuiuw]]. Dat ryk soe troch [[Franken]] of [[Friezen]] ferneatige wurde.
 
Yn de annalen fan de Frankyske [[Merovingen]] wurde healwei de 6e ieuiuw twa persoanen fan de Warnenelite by namme neamd: kening Hermegis en syn soan Radegis, dy't efterelkoar de Frankyske prinses Teudegilde († foar [[579]]), dochter fan kening [[Teuderik I]] trouden.
 
Yn de [[9e ieuiuw]] waarden der ek Warnen oan de [[Oder]] ûnderwurpen troch de Franken. Dêrnei ferdwine sy foar altiten út de skiednis. Mooglik binne dielen assimilearre mei de [[Slaven (folk)|Slaven]], wêrnei't sy harren de [[Varnabi]] neamden.
 
== Keppeling om utens ==