Limitanei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 11 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1568104
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 2:
 
==Skiednis==
Oant en mei it begjin fan de [[4e ieuiuw]] wie it Romeinske leger benammen legere oan de grinzen fan it ryk. De ynfallen yn de [[3e ieuiuw]] dienen de Romeinen beseffen dat it Romeinske lineêr en statyske ferdigeningswurk net goed mear funksjonearre. Dêrom waard in folle dynamysker ferdigening betocht. It meastepart fan it leger waard tenei yn it binnenlân legere, op goede strategyske plakken, dêr't sy gau oplûke koe tsjin ynfallers. Dizze militêre ienheden waarden ''[[comitatenses]]'' neamd.
 
De oan de grins sels legere ienheden ''limitanei'' wienen húsfeste yn stiennen ''castella'' of ''castra''. Sy moasten sels foar harren iten soargje. Yn de omjouwing fan harren legerplakken leinen lânbougrûnen dêr't sy sels fiedsel ferbouden. Sy wienen heal soldaat, heal boer en net grut yn oantal. It wie harren taak om it achterlizzende lân te beskermjen tsjin plonderers, of tsjin lytse ynkringende fijannen. Omdat de grinstroepen net manmachtich wienen, wienen sy net by steat om yndied werklik fijannige legers yn in slach tsjinstân te bieden. Foar dy taak wienen de comitatenses ferantwurdlik.