Nerva: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 10:
Nerva koe it yn syn bewâld goed fine mei de senaat, mar hie muoite mei it leger dêr't foaral fertrouwensmannen fan Domitianus it foar it sizzen hienen. Hy krige los fan elkoar twa oanfarringen mei it leger te ferwurkjen. Earst hied er te krijen mei in opstân fan troepen oan de [[Donau]] en twads waard troch syn eigen [[pretorjaanske garde]] yn it keizerlik paleis, tsjin syn sin yn, twa persoanen efterfolge en arrestearre op fertinking fan de moard op Domitianus. Hy kaam it leger temjitte troch [[Trajanus]], de gûverneur fan [[Boppe-Germaanje]], te adoptearjen sadat dy him opfolgje koe.
 
Mei de beneaming fan Trajanus as syn opfolger bruts it tiidrek fan de saneamde [[adoptyfkeizers]] oan: Nerva, [[Trajanus]], [[Hadrianus]], [[Antoninus Pius]] en [[Markus Aurelius]]. Dat systeem soe yn it grutste part fan de [[2e ieuiuw]] goed funksjonearje (oant [[Kommodus]] yn [[177]] syn natuerlike heit Markus Aurelius as keizer opfolge). Nerva stoar op [[25 jannewaris]] [[98]] in natuerlike dea.
 
== Keppeling om utens ==