Polder: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
omstavere 2015 |
omstav. |
||
Rigel 10:
[[Nederlân]] hat ûngefear 3000 polders. Der bestean ferskate foarmen. De trije wichtichste binne de [[drûchmakkerij]], de [[yndiking]] en de [[Untginning (kultuer)|ûntginning]]. In drûchmakkerij is in ynpoldering fan iepen wetter, bygelyks in [[mar]] of plasse, dy't letterlik ''drûchmakke'' is. In yndiking is in ynpoldering fan tijgebiet oan de [[kust]] of in [[rivier]]. Hjirby giet it om in gebiet dat al periodyk drûchfoel en troch yndiking definityf drûch bliuwt en yn kultuer brocht wurde kin. Oan de kust giet it meastentiids om [[kwelder]]s, oan de rivier om eardere [[uterwaard]]en. In ûntginning is yn kultuer brochte [[woast lân|woeste grûn]], bygelyks in eardere sompe-, fean-, heide- of dúngebiet. Dit hoecht gjin polder te wêze: hjir is allinnich sprake fan as it gebiet permanint bemeald wurde moat.
Yn [[Flaanderen]] wurdt de term ''polder'' ek brûkt om it iepenbier bestjoersorgaan oan te tsjutten, dat belêste is mei de [[wetterhúshâlding]] yn in poldergebiet. Dit is fergelykber mei in [[wetterskip]] yn Nederlân. De streek [[De Polders]] strekt him yn [[West-Flaanderen]] oer it efterlân fan de Belgyske kust út fan Noard-Frankryk oant
[[Kategory:Geografy]]
|