A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 54:
Miles hat ûnderwilens noch altyd Ekaterin net oer syn bedoelings ferteld, al wit sa stadichoan fierders eltsenien yn syn om-en-by dat er úteinlik mei har trouwe wol. Mar hy wachtet oant de timing persiis goed wêze sil om der tsjin harsels oer te begjinnen. Ekaterin, oan 'e oare kant, fielt har wol oanlutsen ta Miles, mar hat harsels derfan oertsjûge dat er it net echt miende doe't er (oan 'e ein fan ''[[Komarr]]'') syn gefoelens foar har blike liet, om't er der sûnt neat mear oer sein hat.
 
De hiele brot komt ta in klimaks as Miles in diner organisearret wêrfoar't er njonken Ekaterin ek útnoegetútnûget: Ivan; Ivan syn mem, frouwe Alys Vorpatril, en har freon Simon Illyan (it eardere haad fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ''ImpSec''); Mark en Kareen; Kou en Drou; Kareen har âldere susters Martya, Olivia en Delia; Delia har ferloofde Duv Galeni; René en Tatya Vorbretten; Dono Vorrutyer; Ekaterin har omke, ryksauditeur Georg Vorthys en de frou; en dr. Borgos. Miles hat oangeande dat diner yn 't foar alles oant yn it lytste detail plend, mar syn plannen wurde daliks al yn it hûndert jage troch Mark en Ivan, dy't op eigen manneboet de sitplaktawizing yn har foardiel oanpasse. Dêrnei blykt dat Miles syn mei soarch opstelde menu ek wol fuortmiterje kin, om't Kareen Miles syn geniale kokkinne, ''ma'' Kosti, bepraat hat om alderhanne gerjochten en sauzen op basis fan bistkebûter ta te rieden. Dan nimt dr. Borgos samar it wurd om in ferbettere ferzje fan 'e bûterbistkes te presintearjen, dy't er genetysk sa oanpast hat dat se no de livreikleuren fan it hûs Vorkosigan hawwe, mei it Vorkosigan-wapen op 'e rêch — wat Miles en syn kriichlju anneks tsjinners as in ultime mislediging opfetsje. As oft dat noch net genôch is, lit Borgos dan ek noch slûpe dat Mark en Kareen op Bêta Koloanje tegearre in wiidferneamd bordeel besocht hawwe, wat de stimming oan 'e tafel mar frijwat bedjert, en alhielendal in izige sfear opropt tusken Kareen har heit en Mark (dy't lokkigernôch, troch Mark en Ivan har ferskowing fan sitplakken, in moai ein útinoar sitte). Dr. Borgos moat it diner dêrnei trouwens hastich ferlitte, mei't der in útbraak fan twahûndert bûterbistkes plakfûn hat, dy't har al oer it hiele hearehûs ferspraat hawwe. Ekaterin kriget koart dêrnei har earste twifels oer Miles as se him trappearret wylst er al in moai ein hinne is mei it smoaren dr. Borgos. Nei't se weromkeard binne oan it miel, freget Simon Illyan, dy't ferjiteftich is sûnt er in jier earder syn ûnthâld-chip kwytrekke is (sjoch: ''[[Memory (science fiction-roman)|Memory]]''), oan Ekaterin oft se Miles al antwurd jûn hat op syn houliksoansyk. Miles, tsjin dy tiid healdronken, rekket yn panyk en besiket der in grapke fan te meitsjen troch har dan daliks mar om tawurd te freegjen. Dêrop nimt Ekaterin ûntslach as syn túnûntwerpster en giet se fuortynienen poerlulk nei hûs. Dat is de sitewaasje dy't Miles syn âldelju, de ûnderkening en -keninginne fan Sergyar, begroetet as dy krekt op dat stuit thúskomme foar it oansteande keizerlik houlik.
 
Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.
 
Dan docht By Vorrutyer oan Ivan in ferslach troch fan in diner dêr't al Miles syn politike tsjinstanners oanwêzich wiene, mei dêrûnder Alexi Vormoncrief, Sigur Vorbretten en Richars Vorrutyer. It skynt dat de mannen geandewei de jûn, op grûn fan in út syn ferbân skuorde ferzje fan Miles syn eigen diner, in belastering fan Miles optocht hawwe, as soe hy Ekaterin har man, Tien Vorsoisson, deadien hawwe om dêrnei mei dy syn widdo trouwe te kinnen. Dat is fansels net wier, mar Miles kin nimmen fertelle hoe't Tien syn dea dan wol gien is, om't ''ImpSec'' de hiele saak ta steatsgeheim klassifisearre hat (sjoch: ''[[Komarr]]''). Om't Miles Ivan syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen negearret, merkt hy pas wat fan dizze lasterpraatsjes as Richars Vorrutyer by him op besite komt en him dermei besiket te sjantearjen. Dat is in nuvere flater, want oant dy tiid ta hie Miles him op 'e flakte holden wat de striid om it Vorrutyer-greefskip oanbelange, mar no smyt er syn hiele politike gewicht efter Dono Vorrutyer, dy't er te sines útnoegetútnûget om tegearre mei René Vorbretten in mienskiplike strategy út te wurkjen.
 
Om dyselde tiid hinne trappearret Ekaterin Alexi Vormoncrief derop dat er temûk it hûs fan har omke, perfester Vorthys, by wa't sy tydlik ynwennet, ynkrongen is en mei hurde hân ynformaasje út har njoggenjierrige soan Nikki besiket los te krijen oer de jûn fan syn heite dea. Ekaterin rekket mei de man sels suver slaande deilis en allinne de oanwêzigens fan Simon Illyan, dy't har krekt doe besocht om syn ûntskuldigings oan te bieden foar syn útspraak ûnder Miles syn diner, komt foar dat de saak alhiel út 'e klauwen rint. Dit foarfal makket lykwols kommunikaasje mei Miles, dy't der sûnt dy needlottige jûn net mear west hat, wol wer needsaaklik. Om't Nikki no tefolle fragen hat om him noch yn loksillige ûnwittendheid te hâlden, stelt Miles út om him mei in goekunde fan him prate te litten, waans heit ek al weirekke doe't er noch hiel jong wie. Dy goekunde blykt nimmen oars as keizer Gregor sels te wêzen en dy fertelt Nikki mear oer Tien Vorsoisson en de saken op Komarr dêr't dy yn behelle wie, as dat Ekaterin en Miles wol wollen hiene. Mar hy jout de jonge ek tastimming om yn needgefallen streekrjocht kontakt mei himsels op te nimmen.
Rigel 64:
In folgjende set fan Alexi Vormoncrief is dat er in brief skriuwt oan Vassily Vorsoisson, Tien syn fiere neef en neiste manlike famyljelid. Neffens de Barrayareeske wet krige dy nammentlik nei Tien syn dea de âlderlike fâdij oer Nikki tawiisd, en al hat er dy oerdroegen oan Ekaterin, hy kin him ek sa wer weromnimme. Vormoncrief praat him alle laster oer Miles oan en hoe't dy Tien fermoarde hat. De kjel wurden Vassily reizget dêrop, tegearre mei Ekaterin har âldere broer Hugo Vorvayne, nei Vorbarr Sultana om Ekaterin in ultimatum te stellen: se wolle net dat Ekaterin noch gedoente hat mei Miles, oars nimt Vassily de fâdij oer Nikki wer werom en sil er de jonge grutbringe litte troch in oar froulik famyljelid.
 
Underwilens hat Mark syn mem, grevinne Cordelia Vorkosigan, om help frege om Kou en Drou, Kareen har âldelju, safier te krijen dat se ynstimme mei syn relaasje mei Kareen. Cordelia noegetnûget Kou en Drou út yn 'e bibleteek fan Vorkosiganstate, dêr't se harren plaknimme lit op in âld bank dy't spesjaal foar dat doel fan 'e rommelsouder helle is. It is nammentlik de bank wêrop't Kou en Drou goed tritich jier lyn foar it earst de leafde bedreaune. Mei dat psychologyske oerwicht oan har kant wit se Kareen har âldelju al rillegau safier te krijen dat se wol omlyk wolle.
 
Tsjin syn wil rekket Ivan hieltyd djipper behelle yn Dono Vorrutyer syn kampanje foar it greefskip. De jûns foar't de stimming dêroer en oer de saak Vorbretten plakfine sil yn 'e Rie fan 'e Greven, is er mei Dono en Kareen har suster Olivia Koudelka, dy't allegeduerigen mei Dono oplûkt, op 'en paad. Se wurde eins earne oars ferwachte, mar Dono beslút ympulsyf nochris te besykjen om greve Vorfolse oan syn kant te krijen. Vorfolse is in eksintrikeling dy't syn hearehûs ferhiert en sels in appartemint yn in fletgebou bewennet. Yn 'e parkeargaraazje fan 'e flet wurde Ivan-en-dy oerfallen troch in groepke ynhierde kriminelen dy't Dono syn liifwachten flotwei útskeakelje en dan himsels besykje te kastrearjen en op dy manear de geslachtsferoaringsoperaasje werom te draaien. Se hawwe lykwols bûten Ivan en Olivia (wa har mem oft foarhinne de persoanlike liifwacht fan 'e keizer wie) rekkene. Tegearre witte dy de oerfallers te oermasterjen. Ivan is sa lulk oer dizze mislike oanslach, dat er suver foar it earst yn syn libben it inisjatyf nimt en Dono-en-dy èn de ferdôve oerfallers meinimt nei de greve fan syn eigen hûs, de konservative Falco Vorpatril.