George Bird Grinnell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 28:
[[File:Grinnell Glacier at Glacier National Park.jpeg|left|thumb|200px|It Nasjonaal Park Glacier, yn noardlik [[Montana]].]]
 
Yn [[1875]] waard Grinnell troch kolonel [[William Ludlow]], dy't er koe fan 'e ekspedysje nei de Black Hills yn it foargeande jier, útnoegeútnûge foar in nije ekspedysje nei [[Montana]] en it doe krekt oprjochte [[Nasjonaal Park Yellowstone]] yn [[Wyoming]]. Op eigen manneboet foege Grinnell oan it ferslach fan dy ekspedysje in taheakke ta wêryn't er de omfang fan 'e [[streuperij]] yn Yellowstone dokumintearre. De ûnderfinings út dy jierren makken dat Grinnell him ûntjoech ta ien fan 'e earste natoerbeskermers fan 'e Feriene Steaten. Yn [[1885]], [[1887]] en [[1891]] besocht er de krite yn noardlik Montana dy't yn [[1910]] mei troch syn krewearjen it [[Nasjonaal Park Glacier]] wurde soe, en dêr't de nei him ferneamd [[Grinnellgletsjer]] leit. Yn [[1899]] makke er ûnderdiel út fan in wittenskiplike ekspedysje dy't de kust fan [[Alaska]] bestudearre.
 
Grinnell sette him syn hiele karriêre yn foar it behâld fan 'e lânseigen [[fauna]] fan [[Noard-Amearika]], en publisearre wittenskiplike artikels en lobbyde by it [[Amerikaansk Kongres|Amerikaanske Kongres]] om 'e mei útstjerren bedrige [[Amerikaanske bizon|bizon]] te rêden. Yn [[1887]] wied er, yn 'e mande mei û.m. generaal [[William Tecumseh Sherman]], in held út 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch|Boargeroarloch]], en de lettere presidint [[Theodore Roosevelt]], ien fan 'e oprjochters fan 'e Boone en Crockett Klub, dy't tawijd wie oan it behâld fan 'e Amerikaanske wyldernis. Mei it oannimmen fan 'e Beskermingswet foar Nasjonale Parken, yn [[1894]], krigen de natoerbeskermers einlings en te'n lêsten in wapen yn 'e hannen tsjin 'e neat-ûntsjende streupers, dy't de bizons fan Yellowstone tsjin [[1902]] werombrocht hiene ta net mear as 23 eksimplaren.