Boergondyske Ryk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
omstav. |
omstav. |
||
Rigel 5:
[[Ofbyld:Bourgondische volksverhuizing.png|thumb|eardere Boergongyske wengebieten]]
Yn de winter fan [[406]] op [[407]] doe't de [[Ryn]] ticht ferzen wie, stutsen grutte kloften Germaanske folken as Boergonden, [[Fandalen]], [[Sueven]] en [[Alanen]] de rivier oer it Romeinske Ryk yn. Der wie sprake fan in folslein folkeferfarren, sawol manlju as froulju mei bern, al harren besit meinimmend. <ref>{{aut|Jack L. Dull & Charles A. Peterson}}, ''Empires Besieged: The Roman Decline'' (Amsterdam 1988) 38. Time-Life Books Inc. ISBN 0705409740</ref>. It Romeinsk gebiet dêr't sy trochlutsen wie it doetiidsk [[Germania Superior]]. It meastepart fan de Boergonden bleau lykwols efter op de linker ouwer fan de Ryn.
It Romeinsk bewâld oan de [[Limes]] (Ryn) stoarte yn en yn de omkrite fan [[Worms (stêd)|Worms]] (''Civitas Vangionum''), hjoeddeisk [[Rynlân-Palts]] waard it earste Boergondyske Ryk stiften. De Romeinen soenen letter besykje harren macht werom te festigjen, mar slaggen dêr lykwols mar heal yn. Keizer [[Flavius Honorius|Honorius]] hie de stipe fan de Boergonden nêdich en slute mei de kening [[Gundohar]] fan de Boergonden yn [[413]] in ferbûn. As ''[[foederati]]'', 'bûnsmaten', waarden sy oan it Romeinske Ryk ferbûn en yn ruil foar militêre stipe koenen sy frij harren gong gean yn it gebiet dêr sy wennen; nei alle gedachten hat de [[kerstening]] fan de Boergonden yn dy jieren úteinset. De Romeinske oerbefelhawwer fan it leger [[Flavius Aëtius]] hat letter yn [[435]] de Boergonden de wacht oan sein doe't sy harren gebiet útwreidzje woenen en it oanswettende Romeinsk gebiet ynfoelen. Aëtius stjoerde in leger [[Hunnen]] as strafekspedysje dêrhinne, dy't by Worms de Boergonden in ferpleterjende nederlaach tabrochten dêr't kening Gundohar by sneuvele en in grut part fan it folk
|