Selebes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 22:
De East-Ynjyske Kompanjy boude yn [[1655]] in fort yn [[Manado]] en twong de sultan fan it wichtige hannelssintrum Makasar him net mei dizze kriten te bemoeien. Botsende belangen liede ta ferskate hannelskrigen en ta ûnderdrukking fan de Makasaarske hannel. Selebes waard lang-om-let troch de militêre ekspedysje fan 1905-1906 folslein troch de Nederlanners ûnderwurpen.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it eilân troch de [[Japan]]ners beset. Nei [[1945]] herstelden de Nederlanners harren bestjoer, letter folge troch krêftige suveringsaksjes ûnder de [[Polisjonele aksjes]]. As resultaat fan de Nederlânske polityk om de bûtengewesten fan de republyk Yndoneezje ôf te skieden waard yn july 1946 de steat [[East-Yndoneezje]] proklamearre. De jierren 1946-1949 ferrûn ûngefear lyk as de sosjale revolúsje op [[Sumatra]]. De eallju yn it suden fan it eilân waard útroegeútrûge. De steat East-Yndoneezje ferdwûn yn 1950 en gie op yn de ienheidssteat [[Yndoneezje]].
 
[[Kategory:Geografy fan Yndoneezje]]