Sittende Bolle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 41:
It Amerikaanske regear waard benammen troch ynklauwerige sakelju almar fierder ûnder druk set om 'e Black Hills iepen te lizzen foar [[kolonisaasje]] troch de blanken, en men siet yn [[Washington, D.C.|Washington]] ek yn noed oer de berjochten dat de Sû, dêrta oanset troch û.o. Sittende Bolle, hieltyd faker groepen goudsikers oanfoelen en útmoarden. Yn novimber [[1875]] ferplichte it regear alle Sû-troepen bûten it [[Grutte Sû-reservaat]] om har binnen de grinzen dêrfan te fêstigjen, wylst it bêst wist dat lang net alle Sû har dêr wat fan oanlûke soene, en dat de Sû gjin sintraal gesach hiene dat de neilibbing fan sa'n dekreet ôftwinge koe. Per [[1 jannewaris]] [[1876]] kwalifisearre it [[Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken|Ministearje fan Binnenlânske Saken]] as "fijannich" al dy Sû dy't har doe net yn it [[Yndianereservaat|reservaat]] befûnen. Sadwaande stie it it Amerikaanske leger doe frij om Sittende Bolle syn Hûnkpapa en alle oare frije Lakota-troepen oan te fallen.
 
Sa begûn de saneamde [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]. Neffens histoarika [[Margot Liberty]] soe dy eins de Grutte Sjajinne-Oarloch hjitte moatten, mei't de Noardlike Sjajinnen al foar [[1876]] mei de Amerikanen yn steat fan oarloch ferkearden, en de Sû har eins by harren oansletten. Lykwols bestiet der gjin twifel oer dat Sittende Bolle, èk troch de Noardlike Sjajinnen en de Arapaho, as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Yndiaanske koälysje beskôge waard. Dat hie der ek mei te krijen dat hy it meast foaroansteande Lakota-opperhaad wie dat him nea yn in reservaat ûnder it gesach fan it Amerikaanske regear deljûn hie, sa't [[Gal (opperhaad)|Gal]] fan 'e [[Hûnkpapa]], [[Reade Wolk]] fan [[Oglala]] en [[Bûnte Sturt]] fan 'e [[Brulee]] nei [[1868]] wol dien hiene. Troch de hast folsleine útroegingútrûging fan 'e [[Amerikaanske bizon]], wat in opsetlike strategy fan 'e Amerikanen wie om't hja wisten dat de Flakte-Yndianen fan dat bist ôfhinklik wiene foar harren fuortbestean, fielden de measte opperhaden dat se gjin oare kar hiene as har yn in reservaat nei wenjen te setten, sadat harren folk fan 'e blanken te iten krije soe. Sittende Bolle wegere lykwols stiiffêst om oan dizze sjantaazjepraktiken ta te jaan en libbe mei syn lytse Hûnkpapa-troep in isolearre en gauris hongerich bestean op 'e iepen flakten, wat syn faam ûnder de Yndianen fansels allinnich mar oanwaakse liet. Boppedat wied er ien fan 'e wichtichste [[sjamaan|sjamanen]] fan 'e Flaktestammen. Doe't yn [[1875]] de Noardlike Sjajinnen en de [[Hûnkpapa]]-, [[Oglala]]-, [[Sâns Arks|Sâns Ark]]- en [[Minnikonzjû]]-Lakota mei-inoar in kamp opslein hiene om dêr mienskiplik it religieuze ritueel fan 'e [[sinnedûns]] út te fieren, hie dat bliken dien doe't Sittende Bolle in iepenbiering of fizioen krige, wêrby't er útrôp ''"De Grutte Geast hat ús fijannen oan ús oerlevere. Wy moatte harren ferdylgje."'' Dat wie noch ear't dúdlik waard wa't de fijân wêze soe.
[[Ofbyld:Little bighorn memorial overview with clouds.jpg|left|thumb|300px|It slachfjild oan 'e [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]].]]