David Gemmell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
stav.
Rigel 26:
==Libben==
===Jonkheid===
David Gemmell waard yn [[1948]] berne yn 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] haadstêd [[Londen]], dêr't er grutbrocht waard troch syn allinnichsteande mem. Hoewol't er it nea mei safolle wurden befêstige, wekke er sels de yndruk dat er in oerwûn bern wie. Mar oft dat no wol of net sa wie, feit wie dat oare bern en ek folwoeksenen him as sadanich beskôgen yn in tiid dat soks noch skandlik wie. Gemmell hie te lijen ûnder narderij en skellerij fan syn gelikensen en fan it geflúster efter syn rêch om troch folwoeksenen. Foar in diel om't er gjin heit hie, mar ek om't er as jonge frijwat boekichbûkich wie, waard er geregeldwei it slachtoffer fan fysyk geweld fan oare bern, wêrby't er ferskate kearen serieuze ferwûnings oprûn. Dêrtroch waard er twongen om fan him ôf te slaan, wat er learde troch te [[boksen]] mei syn úteinlike styfheit, dy't fûn dat er foar himsels opkomme moast ynstee fan him "''efter muorren te ferskûljen of út te naaien."'' Dy filosofy wie fan tige grutte ynfloed op Gemmell syn lettere wurk.
 
===Libben as folwoeksene===