Skiednis fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. kepp.
Rigel 72:
 
=== Patriotten ===
[[Ofbyld:Execercitiegenootschap-sneekExercitiegenootschap Sneek by Hermanus van der Velde.jpg|thumb|Patriotten yn Snits.]]
{{Apart|Patriotten}}
Oan 'e ein fan de 18e iuw is der in ekonomyske delgong. Der ûntstiet in beweging dy't polityk herfoarmje woe, de [[patriotten]]. Foaroanman fan de Fryske patriotten wie [[Court Lambertus fan Beyma]]. De patriotten woenen de Prins fan Oranje fuort ha. Se wienen ûntefreden oer hege wurkleazens, de minne posysje fan de VOC, en it ferrin fan de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Kriich. Miskien noch wichtiger wie it langstme nei mear demokrasy, ynspirearre troch de Unôfhinklikheidsferklearring fan de [[Feriene Steaten]]. It earste súkses fan de patriotten wie de erkenning fan de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten op 26 febrewaris 1782<ref>[http://mertsahinoglu.com/research/frisians-first-to-recognize-usa/ Frisians first to recognize USA] (sjoen op 23 feb. 2010)</ref>; teffens pleite Fan Beyma ek, mar omdôch, foar boargerbewapening. Fan Beyma syn politike oanfal tsjin it bewâld wie in ferbûn fan ferskate Fryske stêden. Troch dy druk gongen de Steaten fan Fryslân akkoard mei boargerbewaping. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. Nei in besite fan de prins yn 'e hjerst fan 1785 waard de striid fûlder. Yn augustus 1787 late Fan Beyma in kûp yn de Fryske Steaten, neidat dy ferbea stipe oan Hollân te ferlienen. (It gewest Hollân waard bedrige mei in besetting troch in Pruisysk leger, omdat it gjin ferûntskuldigingen oanbiede woe nei de oanhâlding fan Wilhelmina fan Pruisen). Mei in tsiental meistanners setele Fan Beyma him yn [[Frjentsjer]]. Wylst organisearre men oanfier fan munysje fia [[Makkum]] en de ferdigening fan Frjentsjer. In fleanend legerke frijwilligers besette in oantal Fryske stêden om de ferdielde [[froedskip]]pen ûnder druk te setten de ''Pretense Steaten'' te erkennen en jild binnen te krijen. De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op 20 septimber 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de [[Súdwesthoeke|Súdwesthoek]] nei [[Amsterdam]] en [[Frankryk]]. Tusken 1774 en 1781 boude [[Eise Eisinga]] it [[Eise Eisinga Planetarium|Planetarium yn Frjentsjer]].<ref>[http://www.planetarium-friesland.nl/ Algemiene ynformaasje op planetarium-friesland.nl]</ref> Eisinga waard ferneamd as amateur astronoom, mar wie dêrneist ek in warbere patriot. Hy naam diel oan de pattriottyske opstân yn 1787 yn Frjentsjer.<ref>[http://www2.tresoar.nl/pers/bericht.php?id=25 Parseberjocht Tresoar 2006]</ref> Neidat de patriotten flechten út Frjentsjer gie Eisinga nei Gronau yn Dútslân. Doe't de Frânsen yn [[1795]] Fryslân besetten, kaam er werom nei Frjentsjer en waard lid fan it provinsjaal bestjoer.