Cork (Ierlân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 32:
 
It bestjoer fan de stêd wie yn hannen fan 12 oant 15 hannelsfamyljes dy't harren kaptaal fertsjinnen mei oerseeske hannel yn Jeropa – benammen mei eksport fan wol en hûden en de ymport fan [[sâlt]], [[izer]] en wyn.
Cork hie yn de midsiuwen sa'n 2.100 ynwenners. It ynwennertal rûn yn [[1349]] benei mei de helte werom doe't de [[Swarte Dea]], de [[pest]], tasloech. Cork spile yn [[1491]] in rol yn de Ingelske ''[[Wars of the Roses]]'' doe't [[Perkin Warbeck]], gadingmakker foar de Ingelske troan, yn de stêd oankaam en besocht meistanners te rekrutearjen foar syn plan om [[Hindrik VII fan Ingelân]] fan de troan te stjitten. De boargemaster (''mayor'') fan Cork en ferskate pommeranten út de stêd gienen mei Warbeck nei Ingelân. Doe't de reboeljerebûlje mislearre waarden sy fêstset en eksekutearre.
 
Yn de [[Ierske ûnôfhinklikheidskriich]] waard it sintrum fan Cork yn de brân (''The Burning of Cork'') set troch de Britske ''[[Black and Tans]]'' en waard der fûl fjochte tusken de Ierske guerrillas en troepen fan it Feriene Keninkryk. Yn de [[Ierske boargerkriich]] waard Cork in skoft beset troch tsjinstanners fan it [[Ingelsk-Iersk ferdrach]]; letter waard it plak út see wei wer ynnaam troch it [[Ierske leger|nasjonale leger]] dat wol foar it ferdrach wie.