Pallas Atene: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. kepp.
"Chariot_clock_Telemachus.jpg" is op Commons fuorthelle Storkk om't: Per c:Commons:Deletion requests/Files uploaded by Jafd88.
Rigel 60:
===Jonkheid===
Neffens guon obskuere myten waard Pallas Atene fier fan 'e berch de [[Olympus (berch)|Olympus]] ôf (dy't de wente fan 'e Grykske goaden wie) grutbrocht troch de seegod [[Triton (mytology)|Triton]], al wurdt dyselde ek wol omskreaun as in 'jeugdfreon' fan 'e goadinne. Hja soe oan 'e tafoeging 'Pallas' kommen wêze fan in argayske [[Pallas (mytology)|selsstannige goadinne mei dy namme]], dy't har suster of pleechsuster (as dochter fan Triton), kammeraatske of rivale west hawwe soe.
 
[[File:Chariot_clock_Telemachus.jpg|left|thumb|250px|In [[Frankryk|Frânsk]] [[klok|oerwurk]] út likernôch [[1810]], yn 'e foarm fan in striidwein mei [[Telemachus]] as menner en Pallas Atene as passazjier.]]
 
Yn 'e bekendste ferzje fan dit ferhaal wiene Atene en Pallas ris mei de wapens oan it oefenjen, doe't se rûzje krigen. Pallas besocht Atene doe echt mei har spear te reitsjen, mei as gefolch dat Seus yngriep om syn leaflingsdochter te beskermjen, en Pallas sels in reis ferkocht. Op it stuit dat Pallas noch oan it bekommen wie fan dy klap, seach Atene har kâns skoan en deade har tsjinstanner. Daliks spiet it har freeslik wat se yn 'e hite hij dien hie, mar doe koe it al net mear ûngedien makke wurde. Dêrop naam Atene de namme fan Pallas foar harsels oan, ta oantins oan har kammeraatske.