Minneapolis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L +demografy +berne yn +klimaat +red
Rigel 19:
Webside= [http://www.minneapolismn.gov/ www.minneapolismn.gov]|
}}
{{Oar|de stêd yn 'e Amerikaanske steat Minnesota|Minneapolis (betsjuttingsside)}}
[[File:Hennepin County Minnesota Incorporated and Unincorporated areas Minneapolis Highlighted.svg|left|thumb|250px200px|De lizzing fan Minneapolis yn 'e steat [[Minnesota]].]]
[[File:American Swedish Institute-2007-03-18.jpg|thumb|left|250px200px|It Amerikaansk-Sweedsk Ynstitút.]]
'''Minneapolis''' is de grutste [[stêd]] fan 'e noardlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Minnesota]], en it haadplak fan [[Hennepin County (Minnesota)|Hennepin County]]. De stêd leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400  km besuden de [[Kanada|Kanadeeske]] grins, grutdiels oan 'e westigge fan 'e [[rivier]] de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]]. [[Sint-St. Paul (Minnesota)|Sint-St. Paul]], de [[haadstêd]] fan Minnesota, leit rjocht foar Minneapolis oer op 'e eastigge fan 'e Mississippy, en de beide plakken foarmje in dûbelstêd, de [[stêdekloft|agglomeraasje]] [[Minneapolis-Sint-St. Paul]], dy't better bekend is ûnder de oantsjutting ''the Twin Cities'' ("de Twillingstêden"). Fanwegen syn oerfloedige wetter, yn 'e foarm fan tweintich marren[[mar]]ren en sompen[[sompe]]n, de Mississippy en withoefolle mindere [[beek|streamen]] en [[wetterfal]]len, wurdt Mineapolis ek wol de ''City of Lakes'' ("Marrestêd") neamd.
[[File:2008-0705-BasilicaStMary.jpg|thumb|left|250px|De [[barok]]ke Basilyk fan de Hillige Marije.]]
'''Minneapolis''' is de grutste stêd fan 'e noardlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Minnesota]], en it haadplak fan [[Hennepin County (Minnesota)|Hennepin County]]. De stêd leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de [[Kanada|Kanadeeske]] grins, grutdiels oan 'e westigge fan 'e rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]]. [[Sint-Paul (Minnesota)|Sint-Paul]], de haadstêd fan Minnesota, leit rjocht foar Minneapolis oer op 'e eastigge fan 'e Mississippy, en de beide plakken foarmje in dûbelstêd, de agglomeraasje [[Minneapolis-Sint-Paul]], dy't better bekend is ûnder de oantsjutting ''the Twin Cities'' ("de Twillingstêden"). Fanwegen syn oerfloedige wetter, yn 'e foarm fan tweintich marren en sompen, de Mississippy en withoefolle mindere streamen en [[wetterfal]]len, wurdt Mineapolis ek wol de ''City of Lakes'' ("Marrestêd") neamd.
 
==Befolking==
Neffens in offisjele skatting út [[2012]] hat Minneapolis goed 390.000 ynwenners, dy't Minneapolitanen neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch Minneapolis, Sint-Paul en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken.
 
==Skiednis==
Minneapolis waard yn [[1856]] stifte mei goedkarring fan it doetiidske territoriale parlemint fan Minnesota, op lân dat foartiid fan 'e [[Dakota (folk)|Dakota]]-[[Yndianen]] west hie en dat dy ûnder twang oan 'e Amerikaanske steat ferkeapje moatten hiene. De namme fan Minneapolis is ôflaat fan it wurd ''minnehaha'', út it [[Dakota (taal)|Dakota]], dat "wetterfal" betsjut, kombinearre mei it [[Gryksk]]e wurd ''polis'' ("stêd"). Yn [[1867]] krige Minneapolis de status fan [[stêd]]. Yn [[1872]] kaam Sint-St. Anthony, op 'e eastigge, by Minneapolis te hearren.
 
Minneapolis ûntjoech him om 'e [[Sint-Antoniuswetterfal]] hinne, dat de heechste [[wetterfal]] yn it streamgebiet fan 'e Mississippy is. Hoewol't Minneapolis fier fan it iennichste plak wie dêr't [[wetterkrêft]] brûkt waard om mûnen oan te driuwen, wiene de omstannichheden by Minneapolis bûtengewoan geunstich. Fral tusken [[1880]] en [[1930]] florearre de stêd fanwegen syn wetterkrêft. Yn 't earstoan waard dy benammentlik brûkt foar houtseagerijen, mar al gau kamen dêr nôtmûnen by en ûntjoech Minneapolis him ta in sintrum fan nôtmûnderij dêr't boeren fan oer it hiele gebiet fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] harren [[nôt]] hinne stjoerden. Yn it lêste trêdepart fan 'e [[njoggentjinde iuw]] wie Minneapolis de bestimming fan in grut tal ymmigranten út [[Jeropa]] wei. Benammen in protte [[Sweden (folk)|Sweden]] setten harren yn 'e stêd nei wenjen; dêrfandinne dat it Amerikaansk-Sweedsk Ynstitút ek yn Minneapolis fêstige is.
 
Minneapolis hat neffens Amerikaanske mjitstêven altiten al in foarútstribjende stêd west, dy't al yn [[1886]] de earste maatregels naam om [[diskriminaasje]] op grûn fan [[ras (minsken)|ras]] tsjin te gean. Yn 'e krisisjierren bewurkmastere [[minskerjochten|minskerjochte-aktivist]] en boargemaster [[Hubert Humphrey]], nei de gewelddiedige [[Minneapolitaanske Fakbûnsstaking fan 1934]], dat der yn 'e stêd in earlike arbeidswetjouwing fan krêft waard. Minneapolis fersette him tsjin 'e [[apartheid]]spraktiken fan it [[Amerikaanske Suden]] en sette him aktyf yn foar [[desegregaasje]] en foar de [[swarte boargerrjochtebeweging (Feriene Steaten)|swarte boargerrjochtebeweging]]. Yn [[1968]] wie de stêd it berteplak fan 'e ''[[American Indian Movement]]'', in organisaasje dy't him ynset foar de rjochten fan 'e lânseigen (Yndiaanske) befolking. Oant [[1950]] hie Minneapolis wol te krijen mei in slimmen [[antysemitisme|joadehaat]], dy't fan oerheidwegen wol oanpakt waard, mar mei beheind súkses.
[[File:Minneapolis skyline-20070805.jpg|thumb|left|1300px750px|De ''[[skyline'']] fan Minneapolis.]]
 
Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren waarden as ûnderdiel fan [[stedsfernijing]] likernôch 200 gebouwen yn 25 stedsblokken sljochte, wat delkaam op 40% fan it âlde stedssintrum. Dêrûnder wiene in grut tal gebouwen dy't [[arsjitektuer|arsjitektoanysk]] ynteressant wiene, en hoewol't it besykjen om se fan 'e slopershammer te rêden, mislearre, kaam út dat besykjen wol de hjoeddeistige belangstelling foar histoarysk behâld yn Minnesota wei.
Line 39 ⟶ 37:
Tsjintwurdich is Minneapolis it wichtichste sakesintrum tusken [[Chicago]] en [[Seattle]] yn. Teffens is it in kultureel brânpunt, dêr't withoefolle mei kultuer ferbûne organisaasjes fêstige binne en dat [[keunstner]]s en keunstleafhawwers út it hiele lân oanlûkt foar [[teäter]], museä, [[literatuer]] en [[muzyk]].
 
==Demografy==
[[File:Minneapolis skyline-20070805.jpg|thumb|left|1300px|De ''skyline'' fan Minneapolis.]]
Neffens in offisjele skatting troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] hie Minneapolis yn [[2012]] in befolking fan 392.880 minsken, dy't Minneapolitanen neamd wurde. De [[stêdekloft]] dy't foarme wurdt troch Minneapolis, [[St. Paul (Minnesota)|St. Paul]] en harren [[foarstêd]]en en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan Minneapolis 8,5% âlder as 65 jier en 24,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 54,7% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]], wylst yn [[2000]] 21,5% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]] libbe.
[[File:2008-0705-BasilicaStMary.jpg|thumb|leftright|250px200px|De [[barok]]ke Basilyk fan de Hillige Marije.]]
 
Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2010]] sa: 60,3% [[jeropide ras|blanken]]; 18,6% [[negroïde ras|swarten]]; 10,5% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 5,6% [[Aazje|Aziaten]]; 2,0% [[Yndianen]]; 3,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. De blanke ynwenners wiene foar in grut part fan [[Midden-Jeropa|Middenjeropeesk]] en [[Skandinaavje|Skandinavysk]] komôf, mei as grutste oarsprongsgroepen de [[Dútsers]] (23,1% fan 'e totale stedsbefolking), [[Ieren (folk)|Ieren]] (11,3%), [[Noaren (folk)|Noaren]] (10,9%), [[Sweden (folk)|Sweden]] (8,5%), [[Ingelsen]] (7,9%) en [[Poalen (folk)|Poalen]] (3,9%).
 
===Berne yn Minneapolis===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan bertejier--->
* [[Lili St. Cyr]] (1918-1999), [[stripper]]
* [[Richard Dean Anderson]] (1950), [[akteur]]
* [[Jesse Ventura]] (1951), [[militêr]], akteur en [[politikus]]
* [[Marcia McNutt]] (1952), [[geofysika]]
* [[Cheri Honkala]] (1963), [[aktiviste]]
* [[Sheena Shaw]] (1985), [[pornoaktrise]]
 
==Klimaat==
Minneapolis hat in fochtich [[lânklimaat]], mei waarme en faak neare [[simmer]]s en kâlde, [[snie]]ïge [[winter]]s. Yn [[july]], de waarmste moanne, is de trochsneed [[temperatuer]] oerdeis 28,6&nbsp;°C, en yn [[jannewaris]], de kâldste moanne, is dat –4,6&nbsp;°C. Rekôrtemperatueren wiene 42&nbsp;°C yn [[july]] [[1936]] en –41&nbsp;°C yn [[jannewaris]] [[1888]]. Minneapolis kriget jiers trochinoar 777,6&nbsp;mm [[delslach (waar)|delslach]], mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 138,2&nbsp;sm [[snie]].
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.minneapolismn.gov/ Offisjele webside fan Minneapolis]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Minneapolis ''References'' en ''Further Readingreading'', op dizze side].
----
{{Commonscat|Minneapolis, Minnesota}}