Gaelyske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 30:
Ienris op 'e Britske Eilannen wiene de Gaelyske talen yn elts gefal yn 't earstoan yn har fersprieding beheind ta it eilân [[Ierlân (eilân)|Ierlân]], hoewol't guon [[histoarikus|histoarisy]] tinke dat der al rillegau sprake west hawwe moat fan in earste migraasje nei de westkust fan [[Skotlân]]. Tradysjoneel wurdt de folksferhuzing fan Ierlân nei Skotlân yn 'e [[sechsde iuw]] pleatst, doe't Gaelysktaligen in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen, dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk [[Dalriada]].
 
Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin [[argeologyarcheology]]sk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. ArgeoloochArcheolooch [[Ewan Campbell]] hâldt it der sadwaande op dat mei skipfeart en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske [[kultuer]] oan wjerssiden fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]] ûnderstipe waard. Yn elts gefal hat him neitiid, út 'e taal dy't de Gaelen ier of let yn noardwestlik Skotlân brochten, it Skotsk-Gaelysk ûntjûn. Op it eilân [[Man (eilân)|Man]], tusken [[Grut-Brittanje]] en Ierlân yn, wie de sitewaasje gâns oars. Dêr waard nei alle gedachten oarspronklik in Brytoanyske taal sprutsen, oant it eilân yn 'e [[njoggende iuw]] kolonisearre waard troch folk út Ierlân wei.
 
Oarspronklik moat der yn 'e [[Midsiuwen]] in [[dialektkontinuum]] west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân, nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk. Noch altyd is it Manksk nau besibbe oan it Skotsk-Gaelysk fan 'e [[Hebriden]], it [[Munstersk]]e [[dialekt]] fan it Iersk en it no útstoarne [[Galloweechsk]]e Skotsk-Gaelysk dat foarhinne yn it súdwesten fan Skotlân sprutsen waard. Sawol it Manksk as it Hebridyske Skotsk-Gaelysk ûndergiene yn 'e Midsiuwen trouwens in sterke ynfloed fan it [[Noarsk]], dat troch de [[Wytsingen]] nei dy kontreien ta brocht waard.