Heinrich Schliemann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Heinrich Schliemann.jpg|thumb|right|200px|Dr. H. Schliemann]]
[[Ofbyld:Lion Gate Mykene with Wilhelm Dörpfeld and Heinrich Schliemann.jpg|thumb|Schliemann en [[Wilhelm Dörpfeld|Dörpfeld]] by de '[[Liuwepoarte]]' in [[Mysene]]]]
'''Johann Ludwig Heinrich Julius Schliemann''' ([[Neubuckow]], [[6 jannewaris]] [[1822]] - [[Napels (stêd)|Napels]], [[26 desimber]] [[1890]]) wie in [[Dútslân|Dútsk]] [[argeoloocharcheolooch]]. Hy is bekend wurden troch syn fynst fan it âlde [[Troaje]], en jildt as ien fan de pioniers op dat flak.
 
== Biografy ==
Rigel 14:
Yn 1878-1879 groef Schliemann wer yn Troaje, yn 1880-1881 wie de stêd [[Orchomenus]] yn [[Boeotsje]] oan de beurt. Dêrnei soe der noch twa kear opgravings dwaan yn Troaje (1882 en 1890), en socht er yn [[Tiryns]] (1884-1885). Hy die ek noch wat lytsere proefopgravings op oare plakken.
 
Troch syn opgravings hie Schliemann in tige grutte samling argeologyskearcheologyske fynsten yn syn besit, dy't hy wei joech oan it [[Dútske Ryk]], sadat syn kolleksje yn har totaliteit toand wurde koe yn in oantal nei him ferneamde sealen yn it "Königlich-Preußischen Völkerkundemuseum" yn [[Berlyn]].
 
== Beoardieling ==
It wurk fan Schlieman hat tige wichtich west foar de [[argeologyarcheology]]. Syn fynsten brochten de [[âldheid]] en de argeologyarcheology ûnder de oandacht fan it grutte publyk. Dêrnjonken hat syn oanstriid om alles sa gau mooglik te publisearjen, dat benammen ynjûn waard troch syn winsk om troch de wittenskiplike elite erkend te wurden, tige nuttich west foar de kennis fan dit tiidrek. In oare wichtige bydrage fan Schliemann wie syn ynsjoch dat [[ierdewurk]]stilen in wichtige kaai foarmen om de fynsten goed datearje te kinnen.
 
Kollega's út lettere tiden hawwe Schliemann lykwols ek kritisearre omdat er him yn it begjin mear dwaande hold mei skatgraven as mei argeologyarcheology. Sa soed er, doe hy yn Mysene it 'grêf fan Agamemnon' fûn hie, syn helpers nei hús stjoerd hawwe. Hy woe alles sels opgrave, sadat alles yn syn eigen hannel bleau. Troch him binne parten fan jongere lagen fan Troaje, yn syn entûsjasme it 'Homearyske' Troaje te finen, foar altyd ferneatige wurden. As ferdigening fan Schliemann wurdt it argumint oanfierd dat yn syn tiid de argeologyarcheology noch yn de berneskuon stie, en dat it net earlik wêze soe om him nei noarmen fan tsjintwurdich te beoardielen.
 
In oar punt fan krityk op Schliemann is dat er in soad autobiografyske details simpelwei optocht hat, dêr't hy it foar lettere biografen soms frijwol ûnmooglik makke hat om de juste feiten fêst te stellen. Sa is bygelyks it bekende ferhaal dat Schliemann de 'skat fan Priamus' by in op ynstoarten steande muorre yn de sjaal fan syn frou yn feilichheid brocht sûnder mis ligen: Sophia Schliemann hie op it momint fan de fynst de opgravings al ferlitten om fanwege de dea fan har heit nei Grikelân werom te kearen.
Rigel 37:
 
{{DEFAULTSORT:Schliemann, Heinrich}}
[[Kategory:Dútsk argeoloocharcheolooch]]