Slach op de Wylde Ikkers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q883582
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 20:
Fokko Ukena wie nei de beide oerwinnings tsjin Okko II tom Brok de nije hearsker fan East-Fryslân wurden. Hy koe syn posysje as hearsker net hâlde. Dêrfoar wie er net betûft genôch yn it politike spultsje. De belestings dy't er frege wienen te heech en troch syn ûnderdrukkende bewâld makke er him as hearsker swak. De befolking wie slim teloarsteld yn Ukena. Al gau ûntstie yn it [[Brookmerlân]] ferset tsjin Ukena. It ferset waard grutter doe't in oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by Bremen op 'e non rûn. Under lieding fan de haadlingefamylje [[Sirksena]] út [[Greetsiel]] ûntstie yn 1430 it [[Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen]]. Dat wie it begjin fan de hearskippij fan de Sirksena's dy't oant 1744 bestien hat.
 
== ArgeologyskeArcheologyske fynsten ==
Yn 1845 waarden by wurksumheden oan 'e dyk fan Georgsheil nei Marijehaven, ter hichte fan Easterupgant/Skot, ferskillende minsklike skeletten en hynstebonken fûn. Sawol de minsklike as hynstebonken wienen hûnderten jierren âld. Der kin fêststeld wurde dat it resten binne fan de deaden út de Slach op de Wylde Ikers.<ref>[http://www.ostfriesischelandschaft.de/ortschronisten/Hist__Ortsdatenbank/Ortsartikel/HOO_Upgant-Schott_Bents_A_P.pdf Upgant-Schott, Samtgemeinde Brookmerland, Landkreis Aurich]</ref>