Praach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
'''Praach''' ([[Tsjechysk]]: ''Praha'') is de haadstêd en grutste stêd fan [[Tsjechje]] en leit oan rivier de [[Moldau]] (Tsjechysk: ''Vltava''). Yn 2005 hat de stêd 1.181.610 ynwenners en in oerflak fan 496 km².
 
De universiteit fan Praach, de Karlsuniversiteit, is stifte yn [[1348]] troch kening Karl IV en is de âldste universiteit fan Sintraal-Europa benoarden de [[Alpen]] en beëasten de [[Ryn]]. Sûnt [[1992]] stiet it âlde stêdssintrum op de [[UNESCO]]-[[wrâlderfguodlistwrâlderfgoedlist]].
 
Praach leit yn de histoaryske regio [[Bohemen]], dat tegearre mei [[Moraavje]] Tsjechje foarmet. Bohemen wie eartiids in keninkryk, mar troch ferskate houliken mei Habsburchske foarsten waard it lân yn [[1526]] part fan de Habsburchske dynasty. Tagelyk waard Bohemen in Eastenrykske provinsje dat ta gefolch hie dat Praach Dútsktalich waard. Ferneamde Dútsktalige skriuwers en dichters, lykas [[Franz Kafka]] en [[Rainer Maria Rilke]], binne hikke en tein yn Praach.