Premier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
In '''premier''' (útspr.: [prə'mje:], "prumjee") is in [[regearingslieder]] dy't gjin [[steatshaad]] is. It wurd komt fan it [[Frânsk]]e ''premier ministre'', dat "[[earste minister]]" betsjut, mei oare wurden: de [[minister]] dy't oan it haad fan it [[kabinet]] stiet. De plakferfanger fan in premier is in [[fise-premier]]. Yn [[Nederlân]] en it grutste part fan 'e wrâld wurde de termen 'premier' en '[[minister-presidint]]' (letterlik: "foarsittend minister") as [[synonym|synonimen]] brûkt. Yn beskate [[lân|lannen]] bestiet der lykwols ûnderskie tusken dy beide funksjes. Dêrby is de minister-presidint dan ornaris de lieder fan it nasjonale regear, wylst de premier oan it haad stiet fan it regear fan in [[dielsteat]] of [[provinsje]].
 
Sa'n sitewaasje bestiet yn [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Súd-Afrika]]. De regearingslieder fan bygelyks de provinsje [[Alberta]] of de steat [[Queenslân]] is dus in premier (''premier''), wylst de lieders fan 'e federale regearings fan Kanada en Austraalje oantsjut wurde as minister-presidint (''prime minister''). Yn [[Dútslân]] en [[Eastenryk]] bestiet in ferlykbere sitewaasje, wêrby't de regearingslieders fan 'e ûnderskate bûnslannen, lykas [[Noardrynlân-Westfalen]] of [[Tiroal]], as premier betitele wurde, al sprekt men dêr foar de lieder fan it federale regear net fan minister-presidint, mar fan [[bûnskânselier]].