Finzenisstraf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ferwiist troch nei Finzenis
 
nije side
Rigel 1:
[[File:Presidio-modelo2.JPG|right|thumb|230px|In koepelfinzenis yn [[Kuba]].]]
#REDIRECT [[Finzenis]]
'''Finzenisstraf''', '''gefangenisstraf''', '''tichthússtraf''', '''tichthûsstraf''' of '''selstraf''' is in [[straf]] dy't ornaris oplein wurdt troch de [[rjochter]] as ûnderdiel fan in [[fûnis]] oan 'e ein fan in [[berjochting]]. Dizze straffoarm hâldt yn dat in persoan dy't skuldich befûn is oan in [[misdriuw]] as bestraffing dêrfoar in beskate tiid opsletten wurde sil yn in dêrta ûntwurpen befeilige ynrjochting, dy't yn 'e regel de [[finzenis]] of it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] neamd wurdt. Finzenisstraf is net itselde as [[hechtenis]], dat in foarm fan finzenskip is dy't foarôfgiet oan 'e berjochting.
 
==Skiednis==
Finzenisstraf yn 'e moderne sin fan it wurd giet werom op 'e [[Ferljochting]] en de [[Frânske Revolúsje]] ([[1789]]). Foar dy tiid waarden lichtere misdriuwen yn 'e regel bestraft mei faak grouwélige [[liifstraf]]fen, wylst op swierdere misdriuwen al gau de [[deastraf]] stie. Finzenisstraf bestie wol, mar waard yn 'e regel inkeld brûkt om fertochten op te sluten yn ôfwachting fan harren berjochting, om skuldners te [[gizeling|gizeljen]] oant se har skulden ôfbetelle hiene en om [[ketter]]s sa fier te krijen dat se har ideeën opjoegen. Finzenen waarden faak fêstholden yn [[tsjerker]]s of yn oare fochtige, tsjustere, smoarge, ûnsanitêre en net-sûne romten. Se sieten faak mei keatlings fêst oan 'e muorren en krigen inkeld [[wetter]] en [[bôle]] foarset. Foar oar iten wiene se ôfhinklik fan 'e [[goeddiedichheid]] fan har freonen en famylje, of moasten se har [[sipier]]s omkeapje.
 
Yn 'e Ferljochting kaam men yn opstân tsjin dit systeem, wêryn't de straffen faak ek nochris ûnearlik oplein waarden. Foaroansteande tinkers út dy tiid wiene fan miening dat de frijheid it grutste goed fan 'e minske wie, en dat misdriuwen dêrom it bêste bestraft wurde koene troch dy frijheid ôf te pakken. Sadwaande waard de tapassing fan 'e deastraf beheind en waarden de liifstraffen meitiid hielendal ôfskaft. Ek it [[finzeniswêzen]] waard herfoarme, wêrby't in humane behanneling fan 'e finzenen foar it earst wichtich waard. Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] begûn men te twifeljen oan it nut fan it ûnderlinge kontakt fan 'e finzenen yn it tichthûs, mei't se der faak minder út kamen as dat se der yngiene. Dêrom fierde men om [[1850]] hinne de [[iensume opsluting]] yn, mei as bedoeling dat de finzene troch it ûntbrekken fan kontakt mei oaren twongen wurde soe ta besinning oer syn misdieden. It die lykwols bliken dat de minske net sûnder sosjale kontakten kin, sadat de finzenen dy't jierrenlang allinnich opsletten wiene, yn 'e regel [[sljochtsinnichheid|sljochtsinnich]] waarden.
 
Yn [[1823]] waard yn [[Nederlân]] it ''Nederlands Genootschap ter Zedelijke Verbetering van Gevangenen'' oprjochte, dat bedoeld wie om 'e finzenen in [[berop]] te learen, sadat se har nei it útsitten fan harren straf better hanthavenje kinne soene yn 'e maatskippij sûnder werom te fallen yn 'e kriminaliteit. Yn 'e [[tweintichste iuw]] soe hjirút de [[reklassearring]] fuortkomme, dy't tsjintwurdich frijlitten finzenen begeliedt by harren weromkear yn 'e maatskippij. Moderne [[kriminology|kriminologen]] binne fan betinken dat de finzenis in kriminogeen plak by útstek is, in plak dus, dêr't finzenen leare om mear en op kundiger wize misdieden te begean. [[Matsjo]]gedrach mank de finzenen makket dat it klimaat yn 'e finzenis ûngaadlik is om kriminelen ta oare ynsichten te bringen. Neffens kritisy soe finzenisstraf yn 'e moderne tiid efterhelle wêze, mei't der foar ferjilding fan misdriuwen en weropfieding fan dieders yn dizze tiid folle bettere metoaden te betinken wêze moatte.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Detention_(imprisonment) ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Finzenskip]]
[[Kategory:Strafrjocht]]
[[Kategory:Bestraffing]]