Na-Dené-talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red, oanf
L red hiele side + oanfolling
Rigel 1:
{{Universele ynfoboks taalfamylje
De '''Na-Dené-talen''' binne in [[taalfamylje]] dy't foarme wurdt troch de de [[Atapaskyske talen]] fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske folken]] fan [[Alaska]] en it westlik part fan [[Kanada]] ûnder de [[poalsirkel]], harren fiere sibben de [[Navaho (folk)|Navaho]] en [[Apachen]] yn [[Nij-Meksiko]] en [[Arizona]], en trije talen fan 'e Noardwestkust fan 'e [[Stille Oseaan]] fan Kanada en it suden fan Alaska, te witten it [[Haida (taal)|Haida]], it [[Tlingit (taal)|Tlingit]] en it [[Eyak (taal)|Eyak]]. Yn totaal binne der mear as 50 talen, mei in mienskiplik tal sprekkers fan likernôch 180.000. It Navaho is mei ôfstân de grutste taal fan dizze kloft. Koartby is der besibskip fêststeld tusken de Na-Dené-talen en de hast útstoarne [[Jenisejaanske talen]] fan sintraal [[Sibearje]], sadat de Na-Dené-talen no diel útmeitsje fan 'e gruttere [[Dené-Jenisejaanske talen|Dené-Jenisejaanske taalfamylje]]. Dat is de earste taalfamylje dy't de [[Alde Wrâld]] yngeand mei de [[Nije Wrâld]] ferbynt.
| namme = Na-Dené-talen
| oare namme(n) = Ejak-Tlingit-Atapaskyske talen
| lokaasje = westlik [[Noard-Amearika]]
| tal talen = ±46
| tal sprekkers = 215.000 <small>(2010)</small>
| taalfamylje = ● [[Dené-Jenisejaanske talen|Dené-Jenisejaansk]]
| subgroepen = ● [[Ejak-Atapaskyske talen|Ejak-Atapaskysk]] <br> ● ?[[Haida (taal)|Haida]]<br> ● [[Tlingit (taal)|Tlingit]]
}}
De '''Na-Dené-talen''', soms de '''Ejak-Tlingit-Atapaskyske talen''' neamd, foarmje in [[taalfamylje]] wêrfan't de [[taal|talen]] sprutsen wurde troch in oansjenlik tal [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en yn [[Alaska]], noardwestlik [[Kanada]], it [[Amerikaanske Súdwesten|Súdwesten]] fan 'e [[Feriene Steaten]] en by de [[Stille Oseaan|Pasifyske kust]] fan [[Oregon]] en noardlik [[Kalifornje]] lâns. De Na-Dené-talen wike folle mear ôf fan 'e oare kloften fan troch Yndianen sprutsen talen, en komme dúdlik fuort út in twadde [[migraasje]]weach út Sibearje, dy't plakfûn hawwe moat tusken de eardere algemiene Yndiaanske migraasje en de lettere folksferhuzing fan 'e [[Inûyt]] en de [[Aleoeten (folk)|Aleoeten]].
 
==Etymology==
De namme 'Na-Dené' waard yn [[1915]] betocht troch de ferneamde Amerikaanske [[taalkundige]] [[Edward Sapir]]. Hy stalde de term gear út it wurd ''Dené'', dat yn in protte [[Atapaskyske talen]] "folk" betsjut, wylst ''na'' yn it [[Tlingit (taal)|Tlingit]] "folk" en yn it [[Haida (taal)|Haida]] "hûs" en "wenje" betsjut (it bestean fan it [[Ejak (taal)|Ejak]] wie Sapir doedestiden ûnbekend).
 
==Besibskip==
De Na-Dené-talen falle útinoar yn 'e [[Atapaskyske talen|Atapaskyske taalkloft]] en twa talen dy't binnen it ferbân fan 'e Na-Dené-talen [[isolearre taal|isolearre]] binne, te witten it [[Ejak (taal)|Ejak]] en it [[Tlingit (taal)|Tlingit]]. In trêde isolearre taal, it [[Haida (taal)|Haida]], waard foarhinne altyd en tsjintwurdich ek noch gauris ta de Na-Dené-talen rekkene, hoewol't guon [[taalkundige]]n no sizze dat der gjin bewiis is foar in bân tusken de Na-Dené-talen en it Haida. Yn [[2008]] waard der lykwols àl in bân ûntdutsen mei de [[Jenisejaanske talen]] fan sintraal [[Sibearje]], wêrmei't de Na-Dené-talen de [[Dené-Jenisejaanske talen|Dené-Jenisejaanske taalfamylje]] blike te foarmjen.
[[File:Na-Dene langs.png|right|thumb|250px|Fersprieding fan 'e Na-Dené-talen yn [[Noard-Amearika]].]]
 
==Talen==
De grutste taal fan 'e Na-Dené-famylje is it [[Navaho (taal)|Navaho]], dat 170.000 sprekkers hat. Alle oare talen mei-inoar hawwe 30.000 oant 35.000 sprekkers, en in protte [[Atapaskyske talen]] ferkeare op it rântsje fan it útstjerren, mei mar inkele hûnderten of sels mar tsientallen sprekkers. Alle [[Apache-talen]] hearre ek ta de Atapaskyske kloft, en it [[Westlik Apache (taal)|Westlik Apache]] is mei 14.000 sprekkers de op ien nei grutste Na-Dené-taal. It [[Tsjippewyan (taal)|Tsjippewyan]], fan noardwestlik [[Kanada]], mei 12.000 sprekkers, hat kwa [[oerflak]] it grutste taalgebiet fan alle Yndiaanske talen yn [[Noard-Amearika]]. It [[Tlingit (taal)|Tlingit]] hat noch likernôch 700 sprekkers, wylst it [[Ejak (taal)|Ejak]] yn [[2008]] útstoarn is. It [[Haida (taal)|Haida]] hie yn [[2014]] noch 24 sprekkers.
 
==Underferdieling==
* '''Na-Dené-talen'''
** ?[[Haida (taal)|Haida]]
** [[Tlingit (taal)|Tlingit]]
** [[Ejak-Atapaskyske talen]]
*** [[Ejak (taal)|Ejak]] †
*** [[Atapaskyske talen]]
**** [[Noardatapaskyske talen]]
**** [[Pasifysk-Atapaskyske talen]]
**** [[Súdatapaskyske talen]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Crystal, David}}, ''The Penguin Dictionary of Language (Second Edition)'', Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163.
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Na-Dene_languages ''Footnotes'' en ''References'', op dizze side].
----
Foar oare boarnen en oarefierdere literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Na-Dene_languages ''Footnotes'' en ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Na-Dené-talen| ]]
[[Kategory:Dené-Jenisejaanske talen]]
[[Kategory:Taalfamylje]]