Irak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
* [[Turkije]] yn it noarden;
* [[Iran]] yn it easten;
* [[KoeweitKûweit]] en de [[Perzyske Golf]] yn it súdeasten;
* [[Saûdy-Araabje]] yn it suden;
* [[Jordaanje]] en [[Syrje]] yn it westen.
Rigel 36:
Yn [[1979]] waard [[Saddam Hoessein]] de machtichste man yn de [[Ba'ath-partij]] en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhandige wize in ein makke oan alle opposysje.
 
Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlân [[Iran]], de [[Iran-Irakoarloch]]. Tagelyk mei de oarloch fûn ek de [[al-Anfal-kampanje]] plak, der't de [[Koerden|Kûrden]] by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foar [[Arabieren]]. De oanfal op it doarp [[Halabja]] wie hjir in part fan.
 
Op [[2 augustus]] [[1990]] anneksearre Irak it folle lytsere buorlân [[Koeweit|Kûweit]]. Dit wie it begjin fan de [[Golfoarloch]]. KoeweitKûweit waard yn 1991 troch in ynternasjonale koalysje befrijd yn de militêre operaasje ''Desert Storm''. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dêrnei oernommen troch de Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje, neffens de útkomst fan FN-resolúsje 688.
 
Mei it ferlechje dat Irak kearnwapens of gemyske wapens hawwe soe foelen de [[Feriene Steaten]] en bûnsgenoaten it lân yn 2003 binnen, wat late ta de [[Irakkriich]]. Hjirby waard in ein makke oan it bewâld fan Saddam Hoessein. Om't der noch gjin oare autoriteit is dy sterk genôch is om it lân bestjoere te kinnen binne de oanfallers noch hieltyd yn it lân om te besykjen de frede dêr te hanthavenjen.
Rigel 45:
It lân bestiet foar in grut part út [[woastyn]] en [[steppe]]s, mar it gebiet tusken de twa grutte [[rivier]]en de [[Eufraat]] en de [[Tigris]] is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten út Syrje it lân binnen, trochkrusen in grut part fan it lân en komme dan út yn de [[Perzyske Golf]]. It noarden is bercheftich, mei as heechste punt de [[Haji Ibrahim]] op 3.600 meter.
 
Der is in [[woastynklimaat]] mei drûge en hite simmers en mylde en koeleKûle winters. De temperatueren kinne simmers de 50 °C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.
 
== Demografy ==
 
=== Befolking ===
De wichtichste befolkingsgroepen yn Irak binne de [[Arabieren]], de [[Koerden|Kûrden]] en yn wat mindere mate de [[Turkmenen]]. Fierders wenje der ek kristlike [[Assyrjers]] en [[Aramejers]] yn Irak.
 
Yn it midden en suden fan Irak wenje Arabieren wêrfan it meastenpart, om-ende-by 60% fan de totale befolking, [[Sjiïsme|sjiïtyske]] binne. Hja wenje benammen yn it suden, dêr't him ek de hillige stêden fan de sjiïten, [[Karbala]] en [[Najaf]], binne. Dêrnjonken wennet in grutte groep Sjiïten yn Bagdad, foaral yn de 'wyk' [[Sadr-stêd]].
Rigel 56:
Yn it midden fan Irak, yn de saneamde [[Soennityske trijehoek]], wenje benammen [[soenniten|soennityske]] Arabieren, dy't likernôch 20% fan de befolking útmeitsje.
 
De foaral soennytyske [[Koerden]] libje yn it noarden fan Irak, dat ek wol Iraaksk [[Koerdistan]] neamd wurdt. De KoerdenKûrden hawwe in grutte mate fan selsstannigens. Hja meitsje 20% fan de totale Iraakske befolking út en hawwe in eigen taal, it [[Koerdysk|Kûrdysk]], en in eigen kultuer.
 
=== Religy ===