Albaanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: jv, lij, vec, war, yo
L →‎Skiednis: Sina -> FRS
Rigel 37:
Albaanje wie sûnt de [[15e ieu]] part fan [[Turkije]]. Op [[28 novimber]] [[1912]] rôp it lân de ûnôfhinklikens út. It waard [[29 july]] [[1913]] erkend as ûnôfhinklik prinsdom, mar mei minder gebiet as de Albanen ta harren lân rekkenen. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] waard it nije lân troch ferskate lannen ynnaam, mar nei de oarloch, yn [[1921]] waard de ûnôfhinklikens befêstige, wer mei de grinzen fan 1913. Yn [[1925]] waard Albaanje in republyk ûnder [[Achmed Zogû]], dy't yn [[1928]] kening waard. Yn de tritiger jierren besocht [[Itaalje]] it bewâld oer Albaanje te krijen, en naam it lân yn [[1939]] yn, oant [[Dútslân]] de besetting yn [[1943]] oernaam.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Albaanje in kommunistyske republyk. Der wie hieltyd noch in drang nei in grutter Albaanje, mar om't [[Metoheija]], it lân oer de eastgrins, no part wie fan [[Jûgoslaavje]], dat as protektor fan Albaaanje fungearre, koe dêr net in soad oan dien wurde. Oarsom wie de relaasje mei Grikelân yn it súden net goed, om't in part fan it âlde [[Epirus]] part fan Albaanje wie, wylst Grikelân de Griken dêr part fan Grikelân meitsje woe. Doe't Joegoslaavje him yn [[1948]] ôfkearde fan de Sowjetuny, rekke Albaanje, dat dat net die, isolearre. Doe't de Sowjetuny en Joegoslaavje letter wer bannen foarmen fielden de Albanen harren allinne litten, en yn [[1961]] rjochte it lân him op kommunistysk [[Folksrepublyk Sina|kommunistysk Sina]]. Yn [[1992]] foel it kommunistyske regear, mar de demokratisearing en privatisearring soargen foar in soad problemen en skandalen, en alle jierren emigrearje in soad Albanen nei de buorlannen of fierder fuort.
 
* [http://www.albaniantourism.com/ National Tourism Organization] Albania's official website for travel & tourism information.