Fenysjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Phoenicia map-en.svg|thumb|250px|Kaart fan Fenysje]]
De '''Fenysjers''' of '''Foenysjers''' wienen eartiids de ynwenners fan [[Fenysje]], in streek yn it [[Midden-Easten]] dat sawat oerienkaam mei it tsjintwurdige [[Libanon]]. De oarsprong fan de Fenysjers is ûndúdlik, mar nei alle gedachten wienen sy in gearsmelting fan [[nomaden]] út it neistlizzende [[Kanaän]] mei de kustbewenners. Nei de delgong fan de Minoyske beskaving, waarden de Fenysjers tusken [[2e iuw f. Kr.|1500]] en [[400 f. Kr.]] de wichtichste seefarders en hannelers fan de [[Middellânske See]]. Oeral by de kust del waarden troch har koloanjes stifte, dêr't [[Kartago]] de wichtichste fan wie.
 
== Taal en godstsjinst ==
Rigel 15:
Oare artikelen dy't ferhannele waard wiene fral [[tin (elemint)|tin]] en [[sulver]] út [[Spanje]], dat mei Syprysk koper ta brûns ferwurke waard. Neffens de antike histoarikus [[Strabo]] hat der ek in lukrative tinhannel met [[Bretagne]] en de Britske eilannen ([[Kornwall]]) west. De Aziatyske [[siderûte|hannelsrûtes]] konvergearren ek op de Fenysyske kusten. As gefolch dêrfan koe Fenysje ek in wichtige rol spile yn de hannel tusken Mesopotaamje en noch fierder Aazje oan de iene kant en Egypte, Noard-Afrika en Araabje oan de kant. Fierders hâlden de Fenysjes harren dwaande mei [[wyn]]bou yn Libanon en de hannel dêryn.
 
It hichtepunt fan Fenysje as seemacht wurdt meastentiids it tiidrek tusken [[13e iuw f.Kr.|1200]] – [[8e iuw f. Kr.|800 f. Kr.]] sjoen.
 
== Fenysyske stêden ==
Rigel 24:
 
== Kartago ==
De wichtichste koloanje dy't de Fenysjers oersee stiften wie [[Kartago]] yn it tsjintwurdige [[Tuneezje]]. Dizze stêd soe de rol oernimme fan it memmelân as hanneler yn de Middellânske See doe't nei de oermastering fan Fenysje troch de [[Perzen]] om-ende-by [[500 f. Kr.]] de maritime en kommersjele ynfloed fan Fenysje stadichoan tebek rûn. Ek de [[Grikelân|Grykske stêdsteaten]] folden it gat op dat de Fenysjers efterlieten. Kartago waard dêrtroch de grutte rivaal fan de Griken yn it suden fan [[Itaalje]] en op Sisylje ([[Magna Graecia]]).
 
== Rome ==
De supremasy fan it iere [[Romeinske Ryk|Rome]] oer [[Kartago]] begûn mei de oerwinning op [[Hannibal Barkas|Hannibal]] yn de [[Twadde Punyske oarloch]]. De Romeinske senator [[Kato]] ([[234 f. Kr.|234]] - [[149 f. Kr.]]) fûn it gefaar fan Kartago, nettsjinsteande de behelle oerwinning, noch hieltyd sa grut dat er by alle redefieringen foar de Romeinske senaat einige mei te sizzen: "Fierders bin ik fan betinken dat Kartago ferwoaste wurde moat" (''Ceterum censeo Carthaginem esse delendam'').
 
Neidat Kato syn sin krigen hie yn [[Tredde Punyske oarloch]], wêryn Kartago folslein ferwoaste waard, waarden ek ien foar ien alle stêdsteaten fan [[Grikelân]], [[Egypte]], [[Syrje]] en [[Lyts-Aazje]] ûnderwurpen. Dêrmei kaam ek Fenysje, dat ûnder Syrje foel, ûnder Romeinsk bewâld ([[150 f. Kr.]]). Lykwols bleau Fenysje yn de Romeinske tiid relatyf wolfarrend. Dat soe sa bliuwe oant en mei de komst fan [[islam]] nei de regio sa om-ende-by [[680]]. Sûnt dy tiid begjint stadichoan it ferfal yn te treden.
 
== Utfinings dy't oan de Fenysjers taskreaun wurde ==