Peloponnezyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Fisuële bewurking Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pelop krieg1.png||270px|right|thumb|Kaartsje mei ferrin fan de kriich]]
De '''Peloponnezyske Oarloch''' ([[431 f. Kr.|431]] - [[404 f. Kr.]]) wie de striid tusken de âlde stêdsteaten [[Atene]] en [[Sparta (Grikelân)|Sparta]], de twa grutmachten fan it Grikelân fan earstiids en harren bûnsmaten.
 
It wie in lange en ôfmjittende oarloch (mei út en troch ûnderbrekkings) tusken de aristokratyske oligargyske lânmacht Sparta en de demokratyske skipfeartsnaasje Atene. Omdat gjin ien Gryksk stêdsteat yn de kriich neutraal en ôfsidich bliuwe koe, wurdt it konflikt ek wol de lytse ''"(Grykske) wrâldkriich"'' neamd. Nei ôfrin fan de oarloch kamen beide partijen sa bot ferswakke út de striid, dat gjinien fan beiden dêrnei syn eardere grutheid weromwinne koe.
Rigel 9:
 
== Oanlieding ==
* De '''Kerkyra-kwestje''': doe't Kerkyra (no[[Korfû]]), in Grykske koloanje fan [[Korinte (stêd)|Korinte]], yn [[433 f. Kr.]] yn konflikt kaam mei de memmestêd, frege en krige it help fan Atene. Korinte waard op syn beurt stipe troch it [[Peloponnezysk Bûn]] ûnder de lieding fan Sparta, dat Atene de kriich ferklearre.
* De '''Potidaea-kwestje''': [[Potidaea]] wie in Korintyske koloanje, mar hearde oarspronklik by it [[Delysk Bûn]]. By de Kerkyra-kwestje sei Potidaea iensidich it bûnsgenoatskip op, wat troch de Ateners net akseptearre waard. As reaksje belegere sy de stêd, dy't yn [[430 f. Kr.]] "herovere" waard, ta ergernis fan Korinte en Sparta.
* It Megarysk beslút: in handelsboykot fan Atene tsjin [[Megara (stêd)|Megara]].
 
Rigel 18:
De fijannichheden ferrûnen yn trije min of mear te ûnderskieden fazen:
 
=== Argidamyske Oarloch ([[431 f. Kr.|431]] oant [[421 f. Kr.]]) ===
Sûnt 431 f. Kr. hâlde it Spartaanske leger (ûnder befel fan kening Argidamos) tsien jier lang ferwoastende tochten troch Attika. [[Perikles]] lit Attika oer oan de ferwoasting en loek de boargerbefolking werom binnen de ''[[Lange Muorren]]''. Underwillens plondere de Ateenske float de kusten fan de [[Peloponnesos]] en makket dêrtroch de befoarrieding fan Sparta gâns dreger.
 
In grutte tebeksetter foar Atene wie de dea fan har sjarismatyske lieder [[Pericles]], dy't yn 429 f. Kr. stjerret oan de de pest; dy moardzjende goarre wie útbrutsen ûnder de opienheapjende befolking dat beskerming socht tsjin Sparta binnen de ''[[Lange Muorren]]'' tusken Athene en [[Pireus]]. Perikles waard opfolge troch [[Kleon (Ateensk politikus)|Kleon]], in foarstanner fan de hurde line.
 
=== Frede fan Nicias (421 oant [[413 f. Kr.]]) ===
Yn 421 f. Kr. koe de Ateense lieder [[Nisias (politikus)|Nisias]] in wapenstilstân bewurkje, dy't foar in grut part lykwols in deade letter bleau. Lokaal giene de skermutselingen en wreedheden troch.
 
De Ateenske ekspedysje nei [[Sisylje]] ([[415 f. Kr.|415]]-413 f. Kr.), mei as doel it westlike bekken fan de [[Middellânske See]] te behearsjen, brocht in nije grutte ramp oer Atene. De wispeltuerige steatsman [[Alkibiades]] woe op Sisylje inkele Grykske helpen tegen [[Syrakuse (Itaalje)|Syrakuse]] en hoopjende dêrtroch sels grutte rûm te ferwerven. Mar de ekspedysje mislearre, Alkibiades rûn oer nei Sparta - waard letter op 'e nij floatfâd fan Atene en wer ôfset - en de Ateenske fleat waard ferneatige.
 
=== Dekeleïske Oarloch (413 oant [[404 f. Kr.]]) ===
Der folge slimme jierren foar Atene, dat har dêrnei nea mear folslein werstelle hawwe kin. Yn [[413 f. Kr.]] besette in Spartaansk leger de Attyske grinsgemeente [[Dekeleia]]. Doe Sparta ek noch harren fleat útwreide en dêrfoar finansjele stipe krige en oanfierde fan de Perzyzke kening (de aartsfijân nota bene; en dat seit wat oer de hâlding fan Sparta tsjinoer Atene), begûn it der min út te sjen foar Atene. Fanút de oligargyske opposysje waard yn [[411 f. Kr.]] in besiking dien om de macht oer te nimmen. De steatsgreep mislearre mar ferswakke de demokrasy. Lang om let waard yn [[405 f. Kr.]] de nije Ateenske fleat troch de Spartaanske admiraal [[Lysander (admiraal)|Lysandros]] by de [[Hellespont]] ferslein. Atene moest zich overgeven, it [[Delysk Bûn|Seebûn]] waard ûntbûn, de festingwurken en de Lange Muorren moasten ôfbrutsen wurde. Atene wie koartfykt; Sparta hie de [[hegemony]] oernommen.
 
== Tukydides ==