Perikles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pericles Pio-Clementino Inv269.jpg|thumb|Buste fan Perikles mei de ynskripsje "Perikles, soan fan Xanthippus, de Atener". <br /><small>Romeinske kopy neffens in Gryksk orzjineel fan sa. 430&nbsp;f. Kr.</small>]]
'''Perikles''' ([[Gryksk]]: Περικλῆς) ([[Papagou-Kolargos|Kolargos]], [[495 f. Kr.]] - [[Atene (stêd)|Atene]], [[429 f. Kr.]]), wie generaal en steatsman fan Atene. Hy stiet bekend as in charismatysk lieder en jilde yn it tiidrek dat Atenea har grutste kulturele en politike bloeitiid trochmakke as de net kroande lieder fan de stêd. Troch syn persoanlikheid en optreden wurdt de hiele perioade betiids ek 'de iuw fan Perikles’ of 'gouden iuw fan Atene' neamd.
 
== Jeugd ==
Perikles waard nei alle gedachten om-ende-by [[500 f. Kr.]] berne yn [[Papagou-Kolargos|Kolargos]], in plak by Atene. Troch syn mem Agariste, in nicht fan [[Klistenes fan Atene|Klistenes]], wie hy besibbe mei de [[Alkmaeoniden]] famylje, in laach dy't nochal wat ynfloed hienen. Syn heit [[Ksantippus]] hie rom opdien as oerwinner yn de [[Slach by Mykale|Mykale]]. As fyftjinjierrige jongen waard hy mei in protte oaren út de stêd nei [[Salamis (eilân)|Salamis]] evakuearre doe't de stêd oanfallen waard troch [[Perzje]]. Nei de Perzyske nederlaach kearde hy werom nei it befrijde Atene en oanskôge de werbou fan de ferwoaste stêd.
 
Yn syn jonge jierren waard Perikles foarme troch de ferljochte ideeën fan learmasters lykas de musikus [[Damon]] en de filosoof [[Anaksagoras]], dêr't hy mei befreone wie.