Soroästrisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 7:
De godstsjinst is neamd nei de ûnderstelde stifter, de profeet [[Saratûstra]] ([[Perzysk]]: ''Zarathustra'') of Soroäster ([[Latyn]]: ''Zoroaster''). Syn lear skoarret op trije pylders: goede wurden, goede dieden en goede tinzen. De godstsjinst is basearre op it [[dualisme]]. It komt derop del dat de minsk ynklamme sit tusken [[Ahoera Mazda]], de [[god]] fan it goede, en [[Ariman]], de god fan it kwea. Yn de ivige striid tusken beide goaden moat de minsk de side fan it goede kieze.
 
Sûnt de tiid fan [[Sirus de Grutte]] (likernôch 600 - 530 f. Kr.) wie it soroästrisme it oerhearskjende leauwen yn it Perzyzke Ryk. Dat bleau sa, mei ûnderbrekkings, oant de oermastering fan Iran troch de [[Islam]] yn de [[7e iuw]]. In protte folgelingen besleaten doe út te wiken nei Yndia, dêr't tsjintwurdich om-ende-by 90.000 (2000) [[parsy]]'s wenje dy't in foarm fan dit leauwen oanhingje. Ek [[Freddy Mercury]], de sjonger fan [[Queen]], wie in parsy en oanhinger fan it soroästrisme.
 
De Parsys drage gjin karakteristike klean, alhoewol't se in koarde om de mul drage. Bysûnder is de wize dêr't sy harren deaden mei behannelen. Sy lizze de deaden boppe-op in toer en wachtsje oant it lyk opiten is troch [[rôffûgel]]s. Neffens de Parsy meie de deaden net ferbaarnd wurde, omdat de reek foar harren hillich is, krektsa is it mei de deaden bedobje of yn it wetter lizze, om't ek de ierde en it wetter harren hillich binne.