Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Kr.
Rigel 2:
 
== Oarsprong ==
De stêd waard troch de [[Foenysjers]] stifte yn [[814 f.Kr.]]. Neffens de leginde troch prinses Dido út [[Tyrus]] dy't op 'e flecht wie. Kartago ûntwikkele him hurd ta in wichtige seemacht yn it westlik bekken fan de [[Middellânske See]], dy't it allinne rjocht opeaske oer de seehannel. Hjirtroch waard sy in wichtige tsjinstanner en konkurrint fan de Westlike [[Griken]] (benammen dy fan Syracuse op Sisylje en Massylje yn Sud-[[Frankryk]]) en letter fan jin útwreidende stêdsteat [[Rome (stêd)|Rome]]. Lang om let laat dizze rivaliteit ta trije [[Punyske oarloggen]], dy't einigen meidat Kartago troch de Romeinen mei de grûn lyk makke waard.
 
== De Punyske oarloggen ==
[[Ofbyld:CarthageMapDe.png|thumb|300px|Sizzenskip fan Kartago krekt foar de [[earste Punyske kriich]] (264 v. Chr.)]]
De earste Punyske kriich wie benammen in kriich tusken de seefloaten fan Rome en Kartago en fûn plak tusken [[264 f.Kr.|264]] en [[241 f.Kr.]]. Oan de ein hienen de Romeinen derby de macht krigen oer de westlike Middellânske See rûtes. It Kartaachske oerwicht oer de seehannel einige hjirmei. Fan need leiden de Kartagers harren ta op it fergrutsjen fan lânbesit, benammen yn [[Spanje]]. Nei ferrin fan tiid kamen hja op 'e nij mei Rome yn konflikt, diskear troch in skeel oer it sizzenskip oer it gebiet yn Spanje.
 
Mei de [[Twadde Punyske kriich]], fan [[218 f.Kr.|218]] oant [[202 f.Kr.]], stuts [[Hannibal Barkas|Hannibal]] mei in mânsk leger de [[Alpen]] oer nei Rome. Neffens de Romeinske skriuwer [[Livius]] die hy dat yn oktober/novimber [[218 f.Kr.]] en hie hy 37 [[oaljefant]]en by him. Yn it begjin boekte hy grutte súksessen tsjin de Romeinen mar doe't dizze troch hienen dat sy Hannibal net yn in slacht koenen ferslaan snien de Romeinen de oanfierwegen fan de Katagers út Spanje ôf. Nei likernôch tweintich jier kriich yn [[Itaalje]] stienen de Romeinen der it bêst foar en moast Hannibal him werom lûke. De Romeinen koenen Spanje oermasterje en stieken oer nei Afrika. Dêr waard Kartago besingele en twongen har oer te jaan. De Kartagers behâlden allinnich de stêd en hienen inkeld mar ynfloed om Kartago hinne.
 
De tredde Punyske kriich ûntstie doe't Kartago in Afrikaanske tsjinstanner fan Rome stipe joech en fûn plak tusken [[149 f.Kr.|149]] en [[146 f.Kr.]]. It resultearre lang om let yn in folsleine ferneatiging fan Kartago.
 
== Under Rome ==