Perzen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
f.Kr./n.Kr. |
Kr. |
||
Rigel 1:
De '''Perzen''' binne in [[Yndo-Jeropeesk]] folk dy't benammen yn [[Iran]] wenje. It wurd ''Perzen'' is ôfkomstich út it [[Gryksk]] en is ôflaat fan ''Persis'' foar de streek [[Fars]] yn Súd-Iran. De Perzen neamen jin sels '''Iranjers'''. As gefolch fan de [[Iraanske diaspora]] hawwe sy har oer de wrâld ferspraat en wenje no yn [[Noard-Amearika]], [[Jeropa]] en oare dielen fan [[Aazje]].
[[Ofbyld:Persepolis_1.JPG|thumb|300px|De antike Haadstêd fan de Perzen: Persepolis]]
De Perzen stamme ôf fan de [[Ariërs]], in Yndo-Jeropeesk folk dat om [[1000 f.Kr.]] hinne nei Iran en Sintraal-Aazje ferfarde. It earste ferslach oer de Perzen is in [[Assyrje|Assyryske]] ynskripsje út likernôch [[800 f.Kr.]]
De taal fan de Perzen, [[Perzysk]] of ''Farsi'', heart ta de [[Yndo-Iraanske talen|Yndo-Iraanske taalfamylje]].
|