Onegamar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 20:
[[File:Sosnovetz.JPG|left|thumb|250px|It eilantsje Sosnovets, yn 'e Onegamar.]]
 
Yn 'e Onegamar lizze likernôch 1.650 foar it meastepart lytse [[eilân|eilantsjes]], dy't konsintrearre binne yn it noardlike diel. Fierwei it grutste is it eilân [[Grut Klimenetski]], mei 147 km², dat yn it middennoarden fan 'e mar leit. It dêr deun tsjinoan leine eilantsje [[Kizji (eilân)|Kizji]] is beboud mei in histoarysk kompleks fan 89 houtene [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|RussykRussysk-otterdokse]] [[tsjerke]]n en oare religieuze gebouwen datearjend út 'e [[fyftjinde iuw|fyftjinde]] oant de [[tweintichste iuw]], dy't op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] fan 'e [[UNESCO]] steane.
 
De Onegamar wurdt fet troch mar leafst 58 ûnderskate rivieren en rivierkes, en wetteret ôf fia de rivier de [[Svir (rivier)|Svir]], yn 'e rjochting fan 'e [[Ladogamar]]. Dêrwei giet it wetter fierder troch de rivier de [[Njeva (rivier)|Njeva]], dy't te [[Sint-Petersburch]] útmûnet yn 'e [[Finske Golf]]. De Onegamar is befarber, en makket ûnderdiel út fan it [[Wite-Seekanaal]], dat de Eastsee ferbynt mei de [[Wite See]], dy't ûnderdiel útmakket fan 'e [[Noardlike Iissee]]. It [[Onegakanaal]], dat yn twa fazen yn [[1818]]-[[1820]] en [[1845]]-[[1852]] súdlik fan 'e mar oanlein is, ferbynt de rivieren de Svir en de [[Vytegra (rivier)|Vytegra]] sûnder dat [[binnenfeart]]skippen wat feitliks in lytse binnensee is, hoege oer te stekken. Fral by stoarmeftich waar skeelde dat yn it ferline in slok op in boarrel.