Steande Bear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L + plaatsjes
Rigel 28:
 
Hoewol't de Ponka in gebiet tusken de Niobrara en de Ponca Creek beholden (likernôch tusken de hjoeddeistige plakken [[Butte (Nebraska)|Butte]] en [[Lynch (Nebraska)|Lynch]]), die al rillegau bliken dat de [[grûn]] dêr ûngeskikt wie foar lânbou. Om't se troch de Brulee ôfsnien wiene fan harren eardere jachtgrûnen, late dat ta oanhâldende [[hongersneed]]. Pas yn [[1865]] soarge in nij ferdrach derfoar dat de Ponka har in stik mear nei it easten nei wenjen sette mochten, noch altyd tusken de Ponca Creek en de Niobrara, mar oan 'e eastkant begrinzge troch de rivier de [[Missoury (rivier)|Missoury]], op lân dat folle [[fruchtberheid|fruchtberder]] wie.
[[File:Standingbear2Standingbear.jpg|rightleft|thumb|220px200px|Steande Bear te'nen fuottensyn út[[gesin]].]]
 
Trije jier letter lykwols, doe't de [[Oarloch fan Reade Wolk]] tusken de Lakota en de Feriene Steaten beëinige waard mei it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]], joegen de Amerikanen it lân fan 'e Ponka yllegaal wei as ûnderdiel fan it nije [[Grutte Sû Reservaat]]. Fan gefolgen besleat it regear yn [[Washington, D.C.]] neitiid dat de Ponka nei it [[Yndiaanske Territoarium]] (it lettere [[Oklahoma]]) ferfarre moasten. Tsjin dy tiid wie Steande Bear in [[opperhaad]] fan syn folk wurden. Hy wie [[houlik|troud]] mei in Zazette Primeau (of Susette Primoux), mei wa't er ferskate [[bern (persoan)|bern]] krigen hie.
Line 37 ⟶ 38:
 
===''Standing Bear v. Crook''===
[[File:Standingbear2.jpg|right|thumb|220px|Steande Bear te'n fuotten út.]]
Under de deaden wie ek Beareskyld (''Bear Shield''), de âldste soan fan Steande Bear. Dyselde hie syn soan ûnthjitten dat er him [[begraffenis|begrave]] soe yn 'e [[Niobrara (rivier)|Delling fan 'e Niobrara]], yn harren heitelân, dat dêrom sette er mei syn frou en 65 folgelingen út it Yndiaanske Territoarium ôf nei it noarden. Doe't de groep fan Steande Bear it [[Omaha Yndianereservaat]] yn Nebraska berikte, waarden se dêr troch harren sibben, de [[Omaha (folk)|Omaha]], gastfrij ûnthelle. It nijs fan 'e oankomst fan 'e Ponka dêre berikte lykwols al rillegau Washington, D.C., en [[minister]] fan Binnenlânske Saken [[Carl Schurz]], dy't ek oer it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] gie, joech [[brigadegeneraal]] [[George Crook]] opdracht om Steande Bear-en-dy te [[arrestaasje|arrestearjen]] om't se sûnder tastimming harren reservaat yn it Yndiaanske Territoarium ferlitten hiene.
 
Steande Bear en syn folgelingen waarden nei [[Fort Omaha]] ta brocht, dêr't se yn 'e hechten set waarden. Crook griisde derfan doe't er hearde ûnder hokker omstannichheden oft de Ponka yn it Yndiaanske Territoarium libje moasten, en hoewol't er befel hie om Steande Bear-en-dy sa gau mooglik dêrhinne werom te stjoeren, trainearre er de saak mei opsetsin. Boppedat fertelde er it ferhaal fan 'e Ponka troch oan [[Thomas Tibbles]], in [[redakteur]] foar de [[krante]] de ''[[Omaha Daily Herald]]'', dy't deroer publisearre en syn [[artikel (publikaasje)|artikel]] ek trochferkocht oan oare kranten. De [[abbekaat]] [[John L. Webster]] bea dêrop de Ponka [[pro deo]] syn tsjinsten oan, en [[Andrew J. Poppleton]], de haadjurist fan 'e [[spoarwegen|spoarmaatskippij]] [[Union Pacific Railroad]], sleat him dêrby oan.
[[File:Standingbear2.jpg|right|thumb|220px|Steande Bear te'n fuotten út.]]
 
Yn [[april]] [[1879]] stiene dy beide mannen Steande Bear by, doe't dy foar de [[rjochtbank]] yn [[Omaha (Nebraska)]] de ferneamde [[rjochtsaak]] ''[[Standing Bear v. Crook]]'' begûn tsjin 'e Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal Crook, foar ûnrjochtlike finzenname ûnder de [[Habeas Corpus-wet|''Habeas Corpus''-wet]] fan [[1679]]. Ek by de rjochtsaak belutsen wiene Steande Bear syn frou Zazette Primeau, dy't mei him ien fan 'e oanspanners wie, en [[Susette LaFlesche]], in [[Omaha (folk)|Omaha]]-frou dy't [[ûnderwiis]] genoaten hie en floeiend wie yn sawol it [[Omaha-Ponka]] as it [[Ingelsk]], en sadwaande as [[tolk (berop)|tolk]] fan Steande Bear fungearre. Under de rjochtsaak spriek Steande Bear wylst er syn hân omheech hold de wurden: ''"Dizze hân is net deselde kleur as jowes, mar as ik deryn stek, dan sil der bloed út komme, en sil ik pine fiele. Dat bloed is deselde kleur as jowes. God hat my makke, en ik bin in minske."''
 
Op [[12 maaie]] [[1879]] die [[rjochter]] [[Elmer S. Dundy]] de útspraak dat in Yndiaan in persoan is yn 'e betsjutting fan 'e ''Habeas Corpus''-wet. Dêropta fûn er dat it Amerikaanske federale regear net oantoand hie dat der in wetlike basis bestie foar de finzenname fan 'e Ponka. Dat wie foar dy tiid in revolúsjonêre útspraak, mei't Yndianen sjoen waarden as wylden en barbaren, op wa't de wet, dy't bedoeld wie foar beskaafde lju, net fan tapassing wêze koe. Dat feroare no yn ien klap, mei't yn it ferlingde fan dizze útspraak Yndianen deselde beskerming ûnder de Amerikaanske wet tametten wurde moast as bygelyks [[Meksiko|Meksikanen]] of [[Dútslân|Dútsers]]. De rjochter die dêr noch oan ta: ''"It rjocht om jin bûten jins eigen gerjochtichheid te bejaan is in natuerlik, ynherint en ûnferfrjemdber rjocht, dat him sawol útwreidet nei de Yndiaan as nei it fortúnliker blanke ras."''
[[File:Statue of Standing Bear seen from West.jpg|left|thumb|280px|It [[stânbyld]] fan Steande Bear yn [[Ponca City (Oklahoma)]].]]
 
===Op reis===