Reade Wolk-agintskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Red cloud agency.jpg|right|thumb|350px|It Reade Wolk-agintskip yn [[1876]].]]
It '''Reade Wolk-agintskip''' ([[Ingelsk]]: '''''Red Cloud Agency''''') wie fan [[1871]] oant [[1878]] it [[Yndiaansk agintskip]] fan it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Buro fan Yndiaanske Saken]] (BIA) foar de [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]], de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]]. Dit agintskip wie ferneamd nei it Oglala-[[opperhaad]] [[Reade Wolk]] (''Red Cloud''), en kaam ta stân ûnder de ôfspraken fan it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]], út [[1868]], dat in ein makke oan 'e [[Oarloch fan Reade Wolk]]. Fan 'e [[Yndiaansk agint]]en dy't yn it Reade Wolk-agintskip tsjinnen, wie [[Valentine McGillycuddy]] fierwei it bekendste en ynfloedrykst.
 
It Reade Wolk-agintskip wie yn 'e sân jier fan syn bestean fêstige op trije ferskillende plakken yn [[Wyoming]] en [[Nebraska]]. Fan [[1871]] oant [[1873]] wie it earste agintskip sitewearre oan 'e [[rivier]] de [[Noardlike Platte (rivier)|Noardlike Platte]] yn it [[Wyoming|Wyoming-territoarium]], likernôch oardel [[km]] bewesten it hjoeddeistige plak [[Henry (Nebraska)|Henry]], yn [[Nebraska]]. Yn [[augustus]] [[1873]] waard it agintskip ferhuze nei de noardwestlike hoeke fan Nebraska, yn 'e neite fan it stedsje [[Crawford (Nebraska)|Crawford]]. Dêr waarden op in [[heuvel]] dy't útseach oer de [[Wite Rivier (sydrivier fan de Missoury)|Wite Rivier]], it eigentlik agintskip, mar ek kantoaren, in wente foar de [[Yndiaansk agint]], in [[hoefsmid]]derij en [[stâl]]en foar [[hynder]]s boud. Letter waard noch in [[skoalle]] tafoege en twa [[winkel]]s foar it ferhanneljen fan alderhanne keapwaar mei de [[Yndianen]].