1665: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
streaml.
Rigel 5:
* Maart - de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Twadde Ingelske Oarloch]] brekt út. De measte Jeropeeske machten sympatisearje mei de Republyk (útsein Múnster en [[Portegal]]) mar hâlde har der bûten.
* [[13 juny]] - de Nederlânske float wurdt yn de [[slach by Lowestoft]] swier ferslein troch de Ingelsken, ûnder lieding fan de [[hartoch fan York]]
* [[23 septimber]] - [[Bommen Bearend|Bernard fan Galen]], [[biskop]] fan [[Prinsbisdom Meunster|Meunster]], easket [[hearlikheid]] [[Borkulo]]-[[Lichtenvoorde]] op. Mei [[Ingelân|Ingelske]] finansjele stipe ferklearret er de [[Republyk fan de Feriene Nederlannen]] de [[oarloch]] en falt er [[Oerisel]] en [[Gelderlân]] binnen. yn dizze [[Earste Meunsterske Oarloch]] is it [[Steatsk]]e [[leger]] twongen om him oan 'e [[Isel]] ta werom te lûken.
* De ûnienigens oer [[Oranje-Nassau|Oranje]] liedt ta ynsidinten. De matroazen fan de ''Gouda'' twinge harren kaptein foar oanfang fan de slach it read-wyt-blau troch de prinsekleuren te ferfangen. Mar yn it algemien is der steun foar de bruorren [[de Witt]], sels yn de pro-Oranje bolwurken as [[Fryslân]] en [[Seelân (provinsje)|Seelân]]
* [[Bernhard fan Galen]], biskop fan [[Múnster]], belegeret [[Grins (stêd)|Grins]].
* [[Anthoni fan Leeuwenhoek]] slipet syn eigen [[lins (optik)|linzen]] en bout in [[mikroskoop]]. Hy ûntdekt ferskate [[mikrobe|mikroscopyske bistkes]].