1594: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
* [[7 maaie]] - [[Steedhâlder]] [[Maurits fan Oranje-Nassau]] ûntset foar de twadde kear it belegere [[Koevorden]], dêr't net folle mear fan oer is.
* [[3 juny]] - Under lieding fan [[Willem Barents]] set de earste ekspedysje om 'e [[Noardeastlike Trochfeart]] nei [[Aazje]] te sykjen ôf fan [[Teksel]]. Ek [[Jan Huygen van Linschoten]] giet as reisbeskriuwer mei.
* [[22 july]] - De [[stêd]] [[Grins (stêd)|Grins]] wurdt einlings ferovere troch [[Steatsk]]e troepen ûnder lieding fan [[Maurits fan Oranje-Nassau]] en [[Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg]], de [[steedhâlder]]s fan [[Hollân]] en [[Fryslân]]. Grins slút him oan by de [[Republyk fan de Feriene Nederlannen]], in barren dat bekend komt te stean as de [[Reduksje fan Grins]]. Neitiid wurdt Willem Loadewyk troch de [[Provinsjale Steaten]] fan it no feriene [[Grinslân]] ta [[steedhâlder]] beneamd.
* ''sûnder datum'' - De trêde [[Brandaris]]-[[fjoertoer]] wurdt boud op [[Skylge]]. Dy stiet anno [[2016]] noch altyd.
* ''sûnder datum'' - As [[militêr]] adviseur fan 'e [[Hollân]]ske [[steedhâlder]] [[Maurits fan Oranje-Nassau]] skriuwt [[Simon Stevin]] ''De Stercktenbouwing'', wêryn't er gear giet oer de [[fêstingboukunde]]. Hy past de âlde teoryen oan 'e projektylbanen fan 'e nije [[fjoerwapen]]s oan.