Foederati: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Foederaty to Foederati over redirect: it hat gjin sin om sa'n spesifike Latynske term healslachtich te ferfryskjen
L red
Rigel 1:
'''FoederatyFoederati''' (''[[Latynsk]]: ferbûnen, meartal fan foederatus: ferbûne'') is in term dy't tsjintwurdich foaral brûkt wurdt foar de [[Germanen|Germaanske]] stammen dy't yn de earste iuwen nei Kristus as foederati opkamen yn it [[Romeinske Ryk]]. It begryp sels is lykwols âlder dan dy tiid.
 
== Under de Republyk ==
Yn de earste iuwen foar Kristus beskikte Rome al oer in systeem wêrby't de ferskate stammen yn [[Itaalje]] opdield waarde yn "klassen", nei harren relaasje mei de Romeinen. De ''[[Latinen]]'' waarden as Romeinske bloedbruorren beskôge. Dêrnei kamen de ''FoederatyFoederati'': sy hienen net it Romeinske boargerrjocht, mar wienen troch in wetlik ferdrach ferbûn mei Rome. De oare folken wiene bûnsmaten, ''[[Socii]]''.
 
Om't dy yndieling in soad ûndúdlikens joech, waard de ûnderlinge ferbûnens fan Italjaanske folken, yn 90 foar Kristus, wetlik regele yn de ''[[Lex Julia]]''. Alle steaten waard it [[Romeinske boargerrjocht]] oanbean. Dêrtroch koenen sy allegear tatrede ta de [[Romeinske Republyk]], de ''res publica''.
 
== Sûnt de Keizertiid ==
Yn de earste iuwen nei it begjin fan de jiertelling krige it begryp foederatyfoederati in rommere bestsjutting. Earst waarden troch de Romeinen guon stammen as foederatyfoederati oan harren bûn troch stipe mei jild of iten. Letter waard it foederatyfoederati hieltyd faker tastien harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Troch dy feitlike opname yn it Ryk krigen de foederatyfoederati ek in soartemint fan beskerming. Yn ruil dêrfoar betellen de foederatyfoederati belesting oan de Romeinen: sy leveren Rome helptroepen foar it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy't letter yn opstân komme soene tsjin Rome, lykas [[Arminius]], [[Julius Civilis]] en [[Alarik I|Alarik]], makken opgong yn it Romeinse leger.
 
De foederatyfoederati waarden ynkertierd by grutgrûnbesitters dy't yn de grinsgebieten fan it Ryk wennen. Dat soe lang om let grutte gefolgen hawwe: grutgrûnbesitters dy't in soad jild hiene en nochal ûnôfhinklik fan Rome wienen, krigen troch de ynkertiering hieltyd mear muoite om harren belêsting oan Rome ôf te dragen. Dy ûntwikkeling late ta in belêstingherfoarming wêrby't de belêsting benammen lokaal organisearre waard. Dizze opdieling fan it Ryk yn lytsere belêstingdistrikten hat nei alle gedachten fan ynfloed west op de lettere territoriale opdieling fan it Romeinske Ryk.
 
Yn de tuskentiid waarden de Romeinen hieltyd ôfhinkliker fan de foederatyfoederati, dy't lykwols net altyd betroud wienen. De ûnder in soad geunstige betingsten nei [[Traasje]] yn it Ryk helle [[Fisigoaten]] kamen yn [[395]] yn opstân tsjin keizer [[Theodosius I]].
 
== Untwikkelings yn de 5e iuw ==
Doe't de Romeinske macht yn de [[5e iuw]] fierder ôfnaam, stelden de foederatyfoederati yn it West-[[Romeinske Ryk]] harren hieltyd ûnôfhinkliker op. Opstannen fan foederatyfoederati kamen faker foar en om-ende-by [[455]] ûntstie der in situaasje dat der gjin belestingjild mear oan it sintraal gesach ôfdroegen waard. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederatyfoederati as de Fisigoaten en de Boergonden namen sels it heft yn hannen troch it stiftsjen fan ûnôfhinklike keninkriken.
 
Yn it leger gong it allyksa. Yn de rin fan de 5e iuw rekke de militêre sterkens fan it Romeinske leger sawat hielendal basearre op foederatyfoederati ienheden. Yn [[451]] koe [[Attila|Attila de Hun]] mei muoite ferslein wurde mei help fan foederatyfoederati, wêrûnder de [[Fisigoaten]], [[Boergonden]], [[Franken]] en [[Alanen]]. Lang om let wie ien stam fan foederatyfoederati, de Germaanske stam de [[Herulen]], ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. De lêste Romeinske keizer [[Romulus Augustulus]] waard ôfsetten troch de ''[[magister militum]]'', oerbefelhawwer, fan de ''foederatyfoederati'', de Herulenlieder [[Odoaker]].
 
== Keppeling om utens ==
* {{en}}[http://www.echeat.com/essay.php?t=25586 www.echeat.com essay oer de FoederatyFoederati] {{noat|Ingelsk}}
 
[[Kategory:Klassike Aldheid]]