Krito fan Alopeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 6:
| oare namme(n) =
| nasjonaliteit = [[Atene|Ateensk]]
| berne = ±[[469 f.Kr.]]
| berteplak = [[Atene]] ([[Atene]])
| stoarn = begjin [[fjirde iuw f.Kr.]]
| stjerplak = [[Atene]] ([[Atene]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Greece.svg|20px]] [[Griken|Gryksk]]
Rigel 19:
| webside =
}}
'''Krito''', om betizing mei oare lju mei deselde namme tsjin te gean faak '''Krito fan Alopeke''' neamd ([[Aldgryksk]]: Κρίτων Άλωπεκῆθεν, ''Kríton Alōpekēthen''; [[Atene]], ±[[469 f.Kr.]] – dêre, begjin [[fjirde iuw f.Kr.]]) wie in [[Atene|Ateensk]] [[keapman]] út 'e [[Klassike Aldheid]], dy't ferskate kearen neamd wurdt yn it wurk fan 'e ferneamde [[skriuwer]]s [[Plato]] en [[Ksenofon]] as in trouwe en libbenslange freon fan harren learmaster [[Sokrates]]. Hoewol't in lettere tradysje Krito sels ek as [[filosoof]] beskôge, wurdt er troch de moderne wittenskip oer it algemien net as sadanich sjoen, mar mear as immen dy't troch syn freonskip mei Sokrates by it fermidden fan filosofen belutsen rekke.
 
==Libben==
Krito waard om [[469 f.Kr.]] berne yn 'e ''[[deme]]'' [[Alopeke]], in [[doarp]] of [[útbuorren]] bûten de stedsmuorren fan Atene, wêrfan't de ynwenners lykwols as stedsjers fan Atene gouwen. Fan jongs ôf oan wied er befreone mei [[Sokrates]], dy't ek út Alopeke kaam, en dy't likernôch fan deselde jierren wie as hy. Sawol yn [[Plato]] syn ''Euthydemus'' as yn [[Ksenofon]] syn ''Memorabilia'' wurdt Krito foarsteld as in rike [[keapman]], dy't syn fortún makke hie mei de hannel yn [[lânbou]]produkten. [[Histoarikus|Histoarisy]] spekulearje dat dy hannel yn Alopeke plakfûn, en dat Krito mooglik [[frucht (plant)|fruchten]] en [[griente]]n of sels [[slachtfee]] fan 'e [[boer]]en dêr yn 'e omkriten opkocht om dy yn Atene sels te ferkeapjen oan 'e ynwenners fan 'e stêd.
 
It liket derop dat Krito troud wie mei in frou dy't út in foaroansteand [[aristokrasy|aristokratysk]] [[skaai (famylje)|skaai]] kaam. Hy hie teminsten twa soannen, wêrfan't de âldste Kritobûlos (ek wol werjûn as Kritobolus) hiet en de jongste [[Archestratus]] (dy't him letter ta in súksesfol generaal ûntjoech). Hoewol't Krito syn stjerjier net oerlevere is, bewiist syn yn ferskate boarnen neamde dielname oan 'e foarfallen om 'e berjochting en [[deastraf]] fan Sokrates hinne, yn [[399 f.Kr.]], dat er oant yn 'e iere [[fjirde iuw f.Kr.]] libbe hawwe moat.
 
==Apokrife wederwarichheden==