Perzen (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
L red
Rigel 9:
| foarm = [[toanielstik]]
| sjenre = [[trageedzje]]
| skreaun = [[472 f.Kr.]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering = [[472 f.Kr.]], [[Atene]]
| oarspr. útjouwer =
| rige =
Rigel 26:
| ISBN oers. = gjint
}}
'''''Perzen''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]]: '''Πέρσαι''', '''''Persai''''' (ek wol [[Latyn|latinisearre]] ta ''Persae''), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Aiskylos|Aiskylos of Aeschylus]] (±[[525 f.Kr.|525]][[455 f.Kr.]]). It is in [[trageedzje]] dy't ferhellet hoe't de [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening [[Kserkses I]] de lulkens fan 'e goaden oer him ôfropt troch syn heechmoedige ynfaazje fan 'e [[Grikelân|Grykske]] stêdsteaten, yn [[481 f.Kr.|481]]-[[479 f.Kr.]], en dy't him benammen konsintrearret op 'e nederlaach fan Kserkses syn seemacht yn 'e [[Slach by Salamis]] ([[480 f.Kr.]]) tsjin 'e [[Atene (stêdsteat)|Ateenske]] float. Aiskylos wie in feteraan fan 'e [[Perzyske Oarloggen]] en hie meifochten yn sawol de [[Slach by Maraton]] ([[490 f.Kr.]]) as de Slach by Salamis, en mooglik ek yn 'e [[Slach by Platéa]] ([[479 f.Kr.]]), dat hy hie syn ynformaasje út 'e earste hân (wat ek de reden is dat ''Perzen'' nòch wol as histoaryske boarne brûkt wurdt).
 
It wie doedestiden trouwens tige ûngewoan om in toanielstik te basearjen op resinte histoaryske foarfallen, en ''Perzen'' is datoangeande de iennichste oerlevere klassike trageedzje wêrby't dat it gefal is. It stik datearret fan [[472 f.Kr.]], doe't it (yn 'e mande mei de beide oare dielen fan 'e trilogy dêr't it ta hearde) opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it [[Feest fan Dionysus]]. Dêrby tsjinne de Ateenske [[steatsman]] en legeroanfierder [[Perikles]] as ''[[choregos]]'' (in soarte fan sponsor). ''Perzen'' wûn dat jiers de earste priis. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1993]].
 
==Trilogy==