Ferskil tusken ferzjes fan "Sofokles"

20 bytes grutter ,  3 jier lyn
L
L (red)
L (→‎Wurken: red)
 
== Wurken ==
It meastepart fan syn oeuvre kaam ta stân yn 'e sombere oarlochsjierren fan 'e [[Peloponnezyske Kriich]], wêrfan't de aktualiteit him wolris ynspirearre. Sa ûntstie bygelyks syn ferneamde ''[[Oidipous Tyrannos]]'' nei de pestepidemy dy’t de Ateenske befolking desimearre. Yn [[407 f.Kr.|407]]-[[406 f.Kr.]] skreau er syn alderlêste wurk, ''[[Oidipous epi Kolōnō]]'' (it stik waard pas postúm útfierd yn [[401 f.Kr.]]). Doe't syn rivaal Euripides yn [[406 v.Chr.|406]] stoar, seach men Sofokles yn 'e rou. Sels ferstoar er noch datselde jiers op 'e hege âlderdom fan 90 jier. Neffens syn biografen ferslokte er him op fatale wize, doe’t er by in banket op fersyk deklamearre út syn leaflingsstik, de ''Antigone''.
[[Ofbyld:Sophokles.jpg|right|150px|thumb|Sofokles yn in [[himation]]. [[Romeinske Ryk|Romeinske]] moarmeren kopy fan in [[Grikelân|Gryksk]] orizjineel.]]